Judas te fjilde tsjin Edom en Ammon
1Doe’t om harren hinne de heidenen hearden, dat it alter wer opboud wie en it hillichdom wer ynwijd, waarden se poer, 2en mei-inoar waarden se it iens, se soenen al wa’t fan Jakob ôfstamme en yn har fermidden wenne, útroegje. Sa begûnen se yn it folk om te moardzjen en it te ferbaljen. 3Omdat de ôfstammelingen fan Ezau yn Iduméa Israel ynsletten hienen fierde Judas oarloch tsjin harren en pakte hy Akrabatténe oan. Hy brocht harren in swiere slach ta, sette se in takke tebek en plondere se út.
4Doe kamen him de streken yn ’t sin, dy’t de soannen fan Baja útheefd hienen. Dy hienen foar it folk Israel in strûp west en in stien dêr’t se har in ûngelok oer foelen, mei’t se rûnom op ’e wegen op har loerden. 5Earst sleat er se yn har stinzen yn, doe foel er har oan, lei har ûnder de ban en stiek har stinzen mei al it folk dat deryn wie, yn ’e brân.
6Doe gong er fierder, op ’e Ammoniten ta en trof dêr in sterk en machtich leger mei in Timóteüs as oanfierder. 7Hy levere mannich slach tsjin harren. En se waarden útroege, want hy fersloech se, finaal. 8Hy besette Jazer en de doarpen dy’t dêrby hearden, en doe gong er werom nei Judéa ta.
De Joaden yn Gileäd en Galiléa ferfolge
9De heidenen yn Gileäd gongen doe in bûn mei-inoar oan tsjin de Israeliten dy’t yn har gerjochtichheid wennen, mei it doel se út te roegjen. Dy sochten lykwols in hinnekommen yn ’e festing Datéma, 10en stjoerden in brief nei Judas en syn bruorren, dêr’t dit yn stie: De heidenen dêr’t wy midden tusken yn wenje, binne mei-inoar in bûn oangien om ús út te roegjen. 11Se meitsje har derop klear om de festing yn te nimmen, dêr’t wy in hinnekommen yn fûn hawwe. Timóteüs is har oanfierder. 12Kom dan fuortynienen en help ús har út ’e hannen te bliuwen, want gâns fan ús binne al omkommen. 13Al ús lânslju dy’t yn ’e kontreien fan Tob wennen, binne ôfmakke, de froulju en de bern as slaven meisleept. Al har hawwen en hâlden is har ûnthelle en sa’n tûzen man hawwe se om hals brocht.
14Se wienen noch mei dy brief oan it lêzen, doe’t der hookstrooks oare boaden, no út Galiléa wei, de klean stikken skuord, by harren kamen mei dit boadskip: 15Ptolemaïs, Tyrus en Sidon en it hiele Galiléa fan ’e heidenen binne mei-inoar in bûn oangien om ús út te roegjen.
Judas nei Gileäd en Galiléa
16Doe’t Judas en it folk dat heard hienen, waard der in grutte gearkomste byinoar roppen om te rieplachtsjen oer wat der dien wurde moast foar har lânslju dy’t der sa min ta sieten, no’t de fijân it op har begrepen hie. 17Judas sei tsjin syn broer Simon: Sykje do mannen út en gean hinne en ferlos dyn lânslju yn Galiléa, wylst ús broer Jonatan en ik nei Gileäd ta sette.
18Wat der doe noch fan syn leger oer wie, liet er foar de feilichheid yn Judéa bliuwe ûnder befel fan Joazef de soan fan Sacharia, en fan Azarja, foaroanmannen fan it folk. 19Mei dizze opdracht: Jimme moatte it folk fan Jeruzalem lieding jaan. Mar tink derom, gean út-noch-yn net mei de heidenen yn ’e slach, ear’t wy werom binne.
20Simon krige 3000 man mei om nei Galiléa ta en Judas foar Gileäd 8000 man. 21Doe sette Simon nei Galiléa ta en levere dêr mannich slach mei de heidenen en briek har ferset. 22Hy siet se achternei oan de poarte fan Ptolemaïs ta en der foelen fan harren sa’n 3000 man. Dy plondere er út. 23De Joaden út Galiléa en dy’t yn Arbatte wennen, har froulju, har bern en alles dat se hienen, naam er mei werom en brocht se mei sang en mei klang nei Judéa ta.
24Judas de Makkabeeër en syn broer Jonatan wienen wilens de Jordaan oerstutsen en makken in mars fan trije dagen yn ’e woestyn. 25Dêr troffen se de Nabateeërs – yn alle frede – en dy fertelden har wat har lânslju yn Gileäd allegearre oerkommen wie: 26Hoe’t gâns fan harren gjin kant út koenen yn Bosra, Bossor en Aléme, Chasfo, Maked en Karnaïm – allegearre grutte en sterke stêden 27en ek yn ’e oare stêden fan Gileäd. En no hienen de fijannen besletten om moarn dy festingen oan te fallen, yn te nimmen en yn ien inkelde dei alle Joaden dêre út te roegjen.
28Judas liet syn leger no fuortynienen de kant nei Bosra ynslaan, dwers troch de woestyn hinne. Hy naam de stêd yn, sloech al wat man wie, dea mei it skerp fan it swurd, plondere de stêd út en stiek him yn ’e brân. 29Yn ’e nacht briek er op en triek oan ’e festing Datéma ta. 30Doe’t it ljocht waard, bemurken de Israeliten in machtigen heap folk, net te tellen safolle, dwaande mei ljedders en oar oarlochsreau oan te slepen om de festing yn te nimmen. De oanfal wie al oan ’e gong. 31Judas seach dat. Ut ’e stêd wei klonk lûd gerop omheech, se bliezen de trompet en der waard wakker raasd en dien. 32Doe sei er tsjin syn mannen: No is it tiid om ús lânslju te helpen yn ’e striid. 33Hy die syn leger yn trijen en doe derop los: de fijân fan achteren oangripe. Wylst bliezen se de trompetten en rôpen God lûd om help.
34Doe’t it leger fan Timóteüs gewaarwaard, dat it de Makkabeeër wie, naaiden se út. Judas brocht harren in swiere slach ta en der foelen dy deis fan ’e fijân by de 8000 man. 35Judas gong dêrop oarewei nei Maäfa, focht der tsjin, naam it yn en sloech dêr al wat man wie dea; de stêd plondere er út en stiek him yn ’e brân. 36Dêrwei sette er nei Chasfo, Maked en Bossor en de oare stêden fan Gileäd en naam se yn. 37Doe’t dat allegearre syn beslach krige hie, brocht Timóteüs in nij leger byinoar en sloech syn kamp op foar Rafon oer, oare kant de berchstream.
38Judas stjoerde der guon op út om dat kamp ris goed op te nimmen en dy dienen him sa ferslach: Alle heidenen hjir by om hat Timóteüs dêr by him, mei-inoar in ûnbidich leger. 39Dan hat er noch Arabieren wûn om har te helpen. Oan de oare kant de berchstream hawwe dy har kamp en se steane klear om jo oan te fallen. Doe sette Judas fuort, op har ta.
40Doe’t Judas en syn leger tichteby de berchstream wienen, dy’t sawat oerrûn, sei Timóteüs tsjin syn offisieren: As Judas der it earst trochgiet, nei ús ta, dan sille wy it net tsjin him hâlde kinne. Hy is ús dan grif oermânsk. 41Mar as er bang is en oan ’e oare kant de rivier syn kamp opset, dan geane wy dêrtroch, op him ta en dan sille wy him oermânsk wêze. 42Doe’t Judas by de berchstream kaam, wiisde er dêr de offisieren dy’t oer de administraasje gongen, har plak en joech har dizze opdracht: Gjinien mei syn tinte opsette, se moatte allegearre mei yn ’e slach. 43Sa wie Judas mei oerstekken en oanfallen earst. Al syn mannen achter him oan. De heidenen waarden ferslein; se smieten de wapens fuort en sochten in hinnekommen yn ’e timpel te Karnaïm. 44Mar de Israeliten namen dy stêd yn en de timpel ferbrânden se mei allegearre dy’t deryn wienen. Sa gong Karnaïm deroan en de heidenen koenen tsjin Judas neat mear begjinne.
45Doe helle Judas alle Joaden dy’t yn Gileäd wennen byinoar, lyts en grut, allegearre mei har froulju, har bern en al har hawwen en hâlden, in machtigen heap, om se nei Judéa te bringen. 46Sa kamen se by Efron, in grutte en tige sterke stêd, dy’t har yn it paad lei. Dêr omhinne koenen se net, noch oan de iene noch oan de oare kant. Der siet oars net op as der dwers trochhinne. 47De ynwenners fan dy stêd lykwols kearden har en setten de poarten ticht mei balstiennen. 48Doe stjoerde Judas in boade nei har ta mei it freonlik fersyk: Lit ús oer jimme gerjochtichheid nei ús eigen lân ta gean. Net ien fan uzen sil jimme wat dwaan. Wy wolle oars net as der trochhinne. Mar se woenen de poarten net foar him iepen dwaan.
49Doe liet Judas yn it leger dit omroppe: Elk moat bliuwe op it plak dêr’t er no is. 50Syn leger stelde him no op en focht tsjin ’e stêd, dy hiele dei en dy hiele nacht, oant se him yn ’e hannen krigen. 51Al wat man wie, sloech er dea mei it skerp fan it swurd; hy ferwoeste de stêd, finaal, plondere him út en triek dêrtroch, oer de liken hinne.
52Doe gongen se troch de Jordaan nei de grutte flakte foar Bet-Sjan oer. 53Judas wie aloan dwaande harren dy’t achteroan kamen, derby te heljen en it folk oan te treasten. Dat die er dy hiele reis oant er yn Judéa kaam. 54Se gongen de berch Sion op mei sang en mei klang en se brochten brânoffers, om’t se goed en wol thúskommen wienen sûnder ek mar ien man te ferliezen.
Joazef en Azarja troch Gorgias ferslein
55Yn ’e dagen doe’t Judas en Jonatan yn Gileäd wienen en har broer Simon yn Galiléa foar Ptolemaïs lei, 56hearden Joazef, de soan fan Sacharia, en Azarja, de beide kommandanten fan it leger yn Jeruzalem, hoe’t dy beide mannen har yn ’e slach as helden gedroegen hienen. 57Doe seinen se: Lit ús ek namme meitsje en op ’en oarlogjen gean tsjin ’e heidenfolken om ús hinne. 58Dat se joegen de ôfdieling dy’t ûnder harren stie, befel en gongen op Jamnia los. 59Mar Gorgias kaam mei syn mannen ta de stêd út, har temjitte om slach te leverjen. 60En Joazef en Azarja waarden op ’e flecht jage en achternei sitten oan ’e grinzen fan Judéa ta. Dy deis foelen der fan it folk Israel sa’n 2000 man. 61De Israeliten ferlearen de slach alhiel, om’t de beide kommandanten de held úthingje woenen en net dien hienen wat Judas en syn bruorren har opdroegen hienen. 62Sy wienen lykwols gjin famylje fan dy mannen dy’t it barre mocht Israel te ferlossen. 63Judas en syn bruorren krigen in grutte namme hiele Israel oer en by alle heidenfolken, dêr’t se it mar oer harren hienen. 64Fan alle kanten waard harren hulde dien.
Judas nei Edom en Filistéa
65Hjirnei triek Judas der mei syn bruorren op út en levere slach yn it Suderlân tsjin ’e ôfstammelingen fan Ezau. Hy naam Hebron en de plakken dy’t derby hearden. De festings yn ’e hiele kontrei bruide er del en de tuorren stiek er yn ’e brân. 66Dêrnei briek er op om in ynfal te dwaan yn it lân fan ’e Filistinen en hy naam syn paad oer Maresja. 67Dy deis sneuvelen der ek prysters, dy’t har dapperens ris fertoane woenen mei har op ’e dolle rûs yn ’e striid te jaan. 68Doe gong Judas de oare kant út, nei Azotus ta yn it Filistynske lân. Hy bruide dêr de alters del, ferbrânde de bylden fan har goaden, plondere de stêden út en gong doe nei Jeruzalem werom.