Jonatan oan Demétrius I syn kant?
1Mar yn it jier 160 kaam Alexander Epifanes, de soan fan Antíochus, en makke him baas oer Ptolemaïs. Se hellen him dêr yn as kening. 2Doe’t kening Demétrius dat hearde, brocht er in tige grut leger byinoar en triek tsjin him op om slach te leverjen. 3Tagelyk stjoerde Demétrius och sa’n freonlike brief nei Jonatan, dêr’t er yn ûnthiet him mear macht te jaan. 4Want, tocht er: Lit my Alexander in slach foar wêze en frede mei de Joaden slute, ear’t dy it mei him iens wurde, tsjin ús. 5Jonatan sil ommers al it kwea dat wy him, syn bruorren en syn folk oandien hawwe, grif noch net fergetten wêze.
6Hy joech Jonatan dêrom it foech troepen te winnen en wapens meitsje te litten en hy sei, hy woe syn striidmaat wêze. Fierders joech er oarder, de gizelders op ’e stins fan Jeruzalem soenen oan Jonatan oerdroegen wurde. 7Dy kaam nei Jeruzalem en lies dêr dy brief foar oan it hiele folk en oan ’e besetting fan ’e stins.
8Doe’t de besetting hearde, dat de kening him it foech jûn hie om troepen te winnen, waarden se tige kjel. 9Se droegen him de gizelders oer en hy joech se oan har âlden werom. 10Jonatan sette him no yn Jeruzalem nei wenjen en begûn fuort de stêd wer op te bouwen en te fernijen. 11Hy lei it wurkfolk op om de stêdsmuorre wer yn oarder te bringen en de berch Sion moast, as wie it in festing, in muorre omhinne fan fjouwerkante stiennen. En dat dienen se. 12It frjemde folk dat op ’e stinzen lei dy’t Bakchides boud hie, seach no dat se fuortkamen. 13Se lieten de boel yn ’e steek en gongen werom nei it eigen lân. 14Inkeld yn Bet-Sûr bleauwen noch in stikmannich oer: Joaden, dy’t de wet en de geboaden deroan jûn hienen. Dy stêd wie har ûntwyk.
Jonatan oan Alexander syn kant?
15Kening Alexander no hearde, wat Demétrius allegearre wol net oan Jonatan tasein hie. Se fertelden him fan ’e oarloggen dy’t Jonatan en syn bruorren fierd hienen, hoe’t se yn ’e slach hieltiten wer oan útblonken yn dapperens en ek fan al it lêst en it lijen dat se útstien hienen. 16En hy sei: Sa’n man is der mar ien. As it heal kin, moat er ús freon en striidmaat wurde. 17Dat hy skreau Jonatan in brief. En dêr stie yn:
18Kening Alexander oan syn broer Jonatan: De groetenis! 19Wy hawwe heard, dat jo in man fan ynfloed binne en sadwaande yn ’e beneaming komme om ús freon te wêzen. 20Dêrom beneame wy jo hjoed as hegepryster oer jo folk mei de titel: Freon fan ’e kening. Dat jo jo by ús hâlde sille en wy freonen bliuwe! Tagelyk mei dy brief stjoerde hy him in poarperen mantel en in gouden krânse. 21Op it Huttefeest, yn ’e sânde moanne fan it jier 160 sloech Jonatan de hillige mantel om. Hy wûn ek soldatefolk en liet him hiel wat wapens meitsje.
Demétrius I biedt noch mear oan
22Doe’t Demétrius dat hearde, wie dat foar him in grutte ôffaller en hy sei: 23Hoe yn ’e goedichheid koenen wy it sa fier komme litte, dat Alexander ús in slach foar wêze koe mei freonskip te sluten mei de Joaden en sa yn ’e foarkâns te kommen? 24Ik sil har ek skriuwe en har freonlik en gol foarrjochten tasizze, en skinkings, dat ik se oan myn kant krij. 25En hy skreau har sa: Kening Demétrius oan it Joadske folk: De groetenis! 26Mei grutte blidens hawwe wy heard fan jimme trou oan it ferbûn mei ús, en fan de freonskip dy’t wy fan jimme ûnderfine mochten, en dat jimme jim net by ús fijannen jûn hawwe. 27Bliuw ús ek fierder trou en wy fan ús kant sille jimme rynsk en gol leanje foar alles wat jimme foar ús dogge. 28Wy sille jimme fan hiel wat dingen frijskatte en jimme grutte skinkings dwaan. 29Sa ûntslaan en skat ik frij, no fuort al, jimme en alle Joaden fan ’e belesting op it sâlt en fan it kroanjild. 30Dan skat ik Judéa en de trije distrikten dy’t oant no ta by Samaria en Galiléa hearden, en fan hjoed ôf foar altiten by Judéa hearre sille, frij fan it treddepart fan ’e opbringst fan it nôt en fan ’e helte fan dy fan ’e beamfruchten: belestings, dy’t neffens rjocht my oars yn jild opbrocht wurde moasten. 31En wat Jeruzalem mei syn gerjochtichheid oanbelanget, dat sil hillich wêze en frij fan alle lêsten, en ek syn tsienden en syn tollen. 32En myn sizzen oer de stins yn Jeruzalem, dat jou ik út hannen en dat draach ik oer oan ’e hegepryster, dat dy dêr tenei de besetting yn leit dy’t him goedtinkt. 33En alle Joaden dy’t ienris fuortfierd binne út Judéa wei, wêr ek hinne yn myn ryk, ek dy jou ik de frijdom werom, fergees. En der is gjinien dy’t dan langer rjochten jilde litte kin, noch op harren, noch op har fee. 34Fierder sille tenei yn myn hiele ryk alle Joaden op ’e feestdagen, de sabbatten, de nije-moannen en alle oare hjeldagen mei de trije dagen derfoar en de trije dagen dernei, frij wêze fan alle lêsten en tollen. 35Ek sil gjinien in Joad oanhâlde meie of lestich wêze, om hokker ding of saak ek. 36Fierder sille der fan ’e Joaden sa’n tritichtûzen man tsjinst dwaan meie yn it leger fan ’e kening. De soldij dy’t se krije, is gelyk oan dy by alle oare troepen fan ’e kening. 37In part fan harren sil yn ’e grutte festings fan ’e kening komme te lizzen. Oaren krije fertrouwensposten yn it keninkryk. Har kommandanten en offisieren sille út it eigen fermidden komme. En se meie libje neffens har eigen wetten, lykas de kening dat foar it lân Judéa fêststeld hat. 38Mei de trije distrikten fan Samaria, dy’t oan Judéa tafoege binne, moat it sa regele wurde, dat se steane ûnder de macht fan ien inkelde man, de hegepryster. 39Ptolemaïs, mei alles dat dêrûnder heart, jou ik oan de timpel yn Jeruzalem, om dêr de kosten fan ’e earetsjinst fan te beteljen. 40Iksels jou fan myn eigen keninklike ynkomsten fan ’e plakken dy’t dêrfoar yn ’e beneaming komme, dêr jiers fyftjintûzen sikkel sulver foar. 41Boppedat sille de talagen foar de timpeltsjinsten, sa’t dat foarhinne regel wie, mar dy’t de lêste jierren troch de amtners net útbetelle waarden, no tenei wer útkeard wurde. 42En de fiiftûzen sikkel sulver, dy’t alle jierren as in belesting op ’e timpeltsjinst opbrocht wurde moast, dy wurdt fuortoan skonken, om’t dy de prysters dy’t de tsjinst hawwe, winliken takomt. 43En elk dy’t syn taflecht socht hat yn it hillichdom yn Jeruzalem, of op syn gerjochtichheid, om’t er de belesting foar de kening net opbrocht hat of om hokker oare skuld ek, dy sil neat dien wurde meie, en syn besit, wêrsanne ek yn myn ryk, sil frij wêze. 44De kosten fan it wer-opbouwen en fernijen fan ’e timpel binne foar rekken fan ’e kening. 45De kosten fan it wer-opbouwen fan ’e muorren fan Jeruzalem en fan ’e bolwurken en sa dêre, ek dy binne foar rekken fan ’e kening. Lykas ek it wer-opbouwen fan ’e muorren fan ’e oare stêden yn Judéa.
Jonatan bliuwt Alexander trou
46Doe’t Jonatan en it folk dy tasizzings allegearre hearden, wienen se harren al te moai, dat se gongen der net op yn. Al it kwea dat Demétrius Israel oandien hie en hoe slim ’t er har beneare hie, dat wie har noch net fergetten. 47Dat se hâlden it op Alexander, want dy hie it earst west mei wurden fan frede. En salang’t er regearre, holpen se him. 48Doe brocht Alexander in grut leger byinoar en triek op tsjin Demétrius. 49It kaam mei de beide keningen ta in slach. Alexander syn leger flechte. Demétrius sette it achternei en rekke alhiel oan ’e winnende hân. 50Hy sette alles op alles, oant de sinne begûn ûnder te gean. Mar dyselde deis noch sneuvele Demétrius.
51Doe stjoerde Alexander boaden nei Ptoleméus, de kening fan Egypte, mei it boadskip: 52Ik bin werom yn myn ryk, sit no op ’e troan fan myn foarâlden en haw it regear yn hannen nommen. Ik haw Demétrius ferslein en sa ús lân werom krige. 53Ja, ik haw it tsjin him opnommen en hy en syn leger binne ferslein, dat de troan fan syn ryk is no uzes. 54Lit ús no freonen wurde. En jou my jo dochter as frou, dat ik jo skoansoan wurde mei. En ik sil jo en har geskinken bringe, dy’t passe by jo hege steat.
55Doe joech kening Ptoleméus him dit antwurd: It wie in grutte dei doe’t jo weromkamen yn it lân fan jo foarâlden en sit nommen hawwe op ’e troan fan har keninkryk. 56No dan, ik sil dwaan wat jo skreaun hawwe. Kom my dan yn ’e mjitte nei Ptolemaïs ta, dat wy inoar earst ris treffe. En dan sil ik jo skoanheit wurde, lykas jo begearen is.
57Doe reizge Ptoleméus ôf út Egypte. Mei syn dochter Kléopatra. En hy kaam yn Ptolemaïs yn it jier 162. 58Dêr trof kening Alexander him. Ptoleméus joech him syn dochter Kléopatra ta frou en se brulloften dêr yn Ptolemaïs, lykas keningen wend binne, mei pracht en mei preal.
59Kening Alexander skreau Jonatan dat dy dêr by him komme soe. 60Jonatan reizge mei grutte staasje nei Ptolemaïs ta en moete dêr de beide keningen. Hy joech harren en har freonen sulver en goud en allerhanne geskinken. Sa rekke er by beide tige yn ’e geunst. 61Wol wienen der guon út Israel kommen, minne keardels, dy’t om God noch syn gebod joegen, dy’t in oanklacht tsjin him dienen, mar de kening sloech har wurden gjin acht. 62Nee, krekt oarsom, hy joech syn minsken befel, se soenen Jonatan de klean útdwaan en it poarper oan. Doe’t se dat dien hienen, joech de kening him in plak fuort njonken sines. 63En hy sei tsjin de hege hearen: Gean mei him de stêd troch en rop om, dat net ien it bestean moat en klei him oer it ien of oar oan of fal him lestich oer hokker saak ek. 64Doe’t no de oanklagers de heraut hearden en seagen hoe’t Jonatan, it poarper oan, huldige waard, makken se dat se fuortkamen. 65Sa eare de kening him, ja hy liet Jonatan ynskriuwe yn it register-fan-syn-freonen en stelde him oan as oanfierder en as goeverneur. 66Doe gong Jonatan nei Jeruzalem werom yn frede en och sa bliid.
Jonatan set it tsjin Demétrius II yn ’e kant
67Yn it jier 165 kaam Demétrius, de soan fan Demétrius, fan Kreta nei it lân fan syn foarâlden. 68Doe’t kening Alexander dat hearde, wie him dat tige min nei ’t sin en hy gong nei Antiochië werom. 69Demétrius stelde Apolloanius, de goeverneur fan Coele-Syrië, as syn oanfierder oan. Dy makke in grut leger klear en sloech syn kamp op by Jamnia. Dêrwei stjoerde er hegepryster Jonatan dit boadskip: 70Jo binne de iennichste dy’t it tsjin ús yn ’e kant set. Om jo wurd ik útlake en slane se de spot mei my. Wêrom brûke jo dêr yn it berchlân jo macht tsjin ús? 71As jo sa wis binne fan jo leger, no dan, kom dan ris nei ûnderen ta nei de flakte. Dan kinne wy dêr ris sjen wa’t sterkst is. Oan myn kant steane de troepen fan ’e stêden. 72Fernim der mar ris nei en freegje der mar ris op yn, wa’t ik bin en wa’t de oaren binne, dy’t my helpe. En dan sil elk jo sizze, dat jo lang net tsjin my opwoeksen binne. Hawwe jo foarâlden ek net twaris foar ús belies jaan moatten en dat noch wol yn har eigen lân? 73Sille jo sok bêst hynstefolk en sa’n sterk leger as ik no haw, dan treast wêze yn ’e flakte, dêr’t gjin stien is en gjin rots, ja gjin plak om út ’e wei te krûpen?
74Dat sizzen stiek Jonatan tige. Dat hy naam tsientûzen man fan syn bêste soldaten en sette ôf, ta Jeruzalem út. Syn broer Simon joech him ûnderweis by him om te helpen. 75Hy kaam by Joppe en belegere it. Mei’t it in besetting hie fan Apollónius hâlde it stedsfolk de poarten ticht. Dêrom die er in oanfal op ’e stêd. 76No kaam de skrik deryn en se dienen de poarten iepen. En Jonatan hie Joppe. 77Sa gau’t Apollónius dat hearde, naam er trijetûzen man hynstefolk en in macht fuotfolk en sette doe dat út nei Azotus ta, net oars as woed er dêrhinne. Mar hy triek de flakte yn, want hy hie hynstefolk by de mannichte en dêr hied er al syn betrouwen op set. 78Jonatan him achternei nei Azotus ta. En dêr kaam it ta in slach.
79Apollónius hie temûk tûzen man hynstefolk achterbliuwe litten om Jonatan syn leger yn ’e rêch oan te fallen. 80Mar Jonatan waard dat gewaar. Doe’t it hynstefolk syn leger dan ek omsingele en dêr fan de moarns ier oant de jûns let in see fan pylken op ôfskeat, 81hâlde it hoek, lykas Jonatan de mannen oplein hie. Dat de hynders fan ’e fijân wienen op ’t lêst skjin ynein. 82Earst doe gong Simon mei syn leger nei foaren en die, no’t it hynstefolk neat mear hie om by te setten, in raam op it fuotfolk. Dat waard útinoar slein en naaide út. 83It hynstefolk waard fersille de flakte oer en socht in hinnekommen yn Azotus. It hûs fan Dagon dêr, de timpel fan har ôfgod, waard harren taflecht en sa hopen se it libben derôf te rêden. 84Mar Jonatan stiek Azotus en de plakken dêrby om yn ’e brân en plondere se út. Ek Dagon syn timpel, mei allegearre dy’t dêr in hinnekommen yn fûn hienen, lei er yn fjoer. 85Sa kamen dêr dy deis troch it swurd en troch it fjoer sa’n achttûzen man om.
86Jonatan sette doe ôf en legere him foar Asjkelon. De mannen fan dy stêd kamen ta de poarte út en dienen him earbiedich hulde. 87En Jonatan en syn mannen gongen werom nei Jeruzalem, ôfladen mei bút.
88Doe’t kening Alexander al dy dingen hearde, die er Jonatan noch helte mear eare oan. 89Sa stjoerde er him de Gouden Gasp, in eareteken, dêr’t ornaris inkeld guon út ’e keninklike famylje foar yn ’e beneaming kamen. Fierder joech er him Ekron en syn hiele gerjochtichheid yn erflik besit.