De grutte steat fan Salomo
1Salomo hearske oer alle keninkriken fan ’e Eufraat ôf oan it lân fan ’e Filistinen en oan ’e grins fan Egypte ta. Se brochten skatting op en dienen tsjinsten foar Salomo, salang as er libbe. 2Mei it iten naam it elke dei by Salomo tritich kor grys en sechstich kor moal, 3tsien fette kij, tweintich weidkij en hûndert skiep, bûten de harten, gazellen, damharten en meste fûgels. 4Want hy hie it bewâld oer alles oan dizze kant de Eufraat fan Tifsa oant Gaza, oer alle keningen oan dizkant de Eufraat en hy hie rûnom oan alle kanten frede. 5Dat sa koenen Juda en Israel feilich wenje, elk ûnder syn wynstok en figebeam, fan Dan oan Beër-Sjêba ta, al de dagen fan Salomo.
6Salomo hie 4000 span hynders foar syn striidweinen en 12.000 rydhynders. 7De steedhâlders ûnderhâlden elk syn moanne kening Salomo mei elk dy’t tagong hie ta syn tafel. Se soargen dat it him nearne oan stie. 8Ek it koarn en it strie foar de hynders en hurddravers brochten se allegearre neffens opdracht nei it plak, dêr’t er mar tahâlde.
De grutte wysheid fan Salomo
9God joech Salomo wysheid en in tige grut ferstân, in begryp sa wiid as it strân by de see. 10Salomo’s wysheid wie grutter as de wysheid fan alle Easterlingen en as alle wysheid fan Egypte. 11Wizer wied er as alle minsken, as Etan, de Ezrahyt, en as Heman, Kalkol en Darda, soannen fan Mahol. Hy hie in namme ûnder alle folken yn ’e omkriten. 12Hy dichte 3.000 spreuken en der wienen fan him 1.005 lieten. 13Hy dichte oer de beammen, fan ’e seder op ’e Libanon ôf oan ’e hyzop, dy’t oan ’e muorre waakst, ta. Hy dichte oer it fee, de fûgels, de krûpende dieren en de fisken. 14En hja kamen út alle folken om te hearren hoe wiis Salomo wie en hy krige geskinken fan alle keningen op ierde, dy’t fan syn wysheid heard hienen.
Tarissing fan ’e timpelbou
15Chiram, de kening fan Tyrus, stjoerde syn tsjinners nei Salomo, want hy hie heard, dat dy ta kening salve wie foar syn heit yn ’t plak. Chiram hie nammers altyd tige goed mei David kinnen. 16Chiram stjoerde dus oan Salomo lokwinsken en Salomo fan syn kant stjoerde Chiram dit boadskip: 17Jo witte sels, dat ús heit David net in hûs foar de namme fan syn God, de Heare, bouwe kinnen hat fanwegen de oarloch, dêr’t se him mei besingele hawwe, oant de Heare se him ûnder de fuotsoallen lein hat. 18Sa hat de Heare, myn God, my oan alle kanten rêst jûn. Der is gjin fijân en der wankt gjin ûnheil. 19No wie ik fan doel om foar de namme fan de Heare, myn God, in hûs te bouwen neffens it wurd, dat de Heare tsjin ús heit David sprutsen hat: Dyn soan, dy’t Ik yn dyn plak op ’e troan set, dy sil foar myn namme in hûs bouwe. 20Jou jo no de opdracht om foar my seders fan ’e Libanon te kapjen. Lit myn arbeiders jo arbeiders helpe en lit my jo arbeiders it lean betelje, alhiel sa’t jo fêststelle. Want jo witte sels, dat der by ús gjinien sa beamkapje kin as de Sidoaniërs.
21Doe’t Chiram dy wurden fan Salomo hearde, wied er tige bliid en sei: Heech te priizjen is de Heare hjoed, dy’t David sa’n wize soan oer dit machtich folk jûn hat. 22En Chiram stjoerde Salomo dit boadskip: Ik haw it boadskip, dat jo my dienen heard. Wat de oanfraach om sederhout en sypressehout oanbelanget, ik sil der alhiel oan foldwaan. 23Myn feinten sille it út ’e Libanon nei see bringe, ik lit it yn flotten op see sette en nei it plak bringe dat jo my opjouwe. Ik lit it dêr losmeitsje en jo kinne it helje. Fan jo kant moatte jo myn winsk foldwaan troch de leverânsje fan iten foar myn hôf. 24Sa levere Chiram Salomo al mar sederhout en sypressehout, krektsafolle as er hawwe woe. 25En Salomo levere Chiram foar ûnderhâld fan syn hof 20.000 kor weet en 20 kor stampte oalje. Safolle hat Salomo Chiram jier op jier levere. 26De Heare hie Salomo wysheid jûn, sa’t Er him tasein hie. Tusken Chiram en Salomo wie it frede en dy beide sleaten in ferbûn.
27Kening Salomo liet doe in lichting ta hearetsjinst opkomme út hiele Israel en dy lichting wie 30.000 man sterk. 28Fan harren stjoerde er elke moanne om bar 10.000 nei de Libanon, dat se wienen ien moanne yn ’e Libanon oan it wurk en twa moanne thús. Adoniram hie it opsicht oer de lichting. 29Fierders hie Salomo 70.000 oandragers en 80.000 stienhouwers yn ’e bergen. 30Bûten de haadopsichters oer it wurk hie Salomo dêr 3300 man, dy’t oer it wurkfolk stienen. 31Yn opdracht fan ’e kening houden se kostbere stiennen út om mei kantige stiennen it fûnemint fan it hûs te lizzen. 32En de boulju fan Salomo en Chiram en de Gibliten bekappen it hout en de stien en makken it klear foar de bou fan it hûs.