1Sjochris oan, hoe’n grutte leafde de Heit oan ús bewiisd hat, dat wy syn bern hjitte meie, en wy binne it ek! Dat de wrâld ús net begrypt, komt omdat dy Him ek net begrepen hat. 2Freonen, no al binne wy bern fan God, en it is noch in geheim foar ús wat wy wurde sille. Wy witte dat wy, as Er ferskynt, Him gelyk wêze sille, want wy sille Him sjen lykas Er is. 3Elk dy’t sa op Him hopet, makket himsels rein, lykas Hy ek rein is. 4Elk dy’t sûnde docht, fergrypt him oan Gods wet, want sûnde is fergryp tsjin ’e wet. 5Jimme witte ek wol, dat Hy ferskynd is om de sûnden wei te nimmen; sels is Er frij fan sûnde. 6Elk dy’t oan Him fêsthâldt, sûndiget net; elk dy’t sûndiget, hat Him net sjoen en net kennen leard. 7Berntsjes, lit gjinien jimme op ’e doele bringe: dy’t docht wat rjocht is, is rjochtfeardich, lykas Hy rjochtfeardich is, 8mar dy’t de sûnde docht is in bern fan ’e duvel, want de duvel sûndiget fan it begjin ôf. Dêrom krekt is de Soan fan God ferskynd: om it wurk fan ’e duvel te ferneatigjen. 9Elk dy’t syn oarsprong yn God hat docht gjin sûnde, want it sied fan God bliuwt yn him. Hy kin net sûndigje, omdat er yn God syn oarsprong hat. 10Dêr ken men de bern fan God en de bern fan ’e duvel oan útinoar: elk dy’t net docht wat rjocht is, is gjin bern fan God, en likemin wa’t syn broer net leafhat.
Haw inoarren leaf
11Want dit is it boadskip dat jimme fan it begjin ôf heard hawwe, dat wy inoar leafhawwe sille. 12Wy meie net wêze lykas Kaïn dy’t in bern fan ’e kweade wie en syn broer fermoarde. En wêrom fermoarde er him? Omdat syn dieden ferkeard wienen en dy fan syn broer rjochtfeardich. 13It moat jimme gjin nij dwaan, bruorren, as de minsken jimme haatsje. 14Wy witte, dat wy út ’e dea wei oergien binne nei it libben ta, omdat wy de bruorren leafhawwe. Dy’t net leafhat is noch altiten yn ’e dea. 15Elk dy’t syn broer hatet, is in moardner, en jimme witte dat yn in moardner it ivige libben net bliuwe kin. 16Sa hawwe wy leard, wat leafde is: trochdat Jezus syn libben foar ús weijûn hat. Ek wy hawwe de plicht, ús libben foar de bruorren wei te jaan. 17As in minske in goed bestean hat en sjocht dat syn broer der tige krap by sit, en hy lûkt him der neat fan oan, wennet Gods leafde dan noch wol yn him? 18Berntsjes, lit ús net leafhawwe mei wurden, mei de mûle, mar echt, mei de die. 19Dêr sille wy oan witte, dat wy by de wierheid hearre, en dan meie wy foar God ús hert ta rêst bringe. 20Ja, as ús hert ús feroardielet: God is mear as ús hert en Hy begrypt alles. 21Freonen, as ús hert ús net feroardielet, kinne wy frijmoedich ta God komme, 22en wat wy Him mar freegje, krije wy fan Him, omdat wy ús oan syn geboaden hâlde en dogge wat Hy graach wol. 23Dit is syn gebod, dat wy oan syn Soan Jezus Kristus leauwe sille en inoar leafhawwe lykas Hy ús opdroegen hat. 24Dy’t him oan syn geboaden hâldt, bliuwt mei Him ferbûn en God mei him; dêr witte wy oan, dat Er mei ús ferbûn bliuwt: oan de Geast, dy’t Er ús jûn hat.