De regeling fan timpelkoar en – orkest
1Doe joegen David en de legerkommandanten de soannen fan Asaf, Heman en Jedûtûn in apart plak, en wol om mei begelieding fan lieren, harpen en bekkens as profeten te sjongen. De mannen, foar wa’t dat wurk opkaam, wienen: 2fan ’e soannen fan Asaf: Sakkûr, Joazef, Netabja, Asarela; Asaf syn soannen ûnder lieding fan Asaf, dy’t as profeet song, sa’t de kening foarskreaun hie; 3foar Jedûtûn: de soannen fan Jedûtûn, Gedalja, Seary, Jesaja, Chesabja, (Sjimy), Matitja, sels mei-inoar, ûnder lieding fan har heit Jedûtûn, dy’t as profeet mei begelieding fan ’e liere de lof en tank fan de Heare song; 4foar Heman: de soannen fan Heman, Bûkkija, Mattanja, Oezziël, Sjebûel en Jerimot; Chanaja, Chanany, Eliata, Giddalty, Romamty-Ezer, Josjbekasja, Malloty, Hotir en Machaziot. 5Dat wienen allegearre soannen fan Heman, de sjenner fan ’e kening, dy’t by godlike wurden de hoarn hearre lieten. Want God hie Heman fjirtjin soannen en trije dochters jûn.
6Dy allegearre wienen der, om ûnder lieding fan har heit yn it hûs fan de Heare by bekkens, harpen en lieren te sjongen om God yn syn hûs te tsjinjen, sa’t de kening it foarskreaun hie. Dat wienen Asaf, Jedûtûn en Heman. 7Mei har bruorren, dy’t ûnderlein wienen yn it sjongen foar de Heare, allegear faklju, wie har tal 288.
8Troch lotsjen waard útmakke wa’t tsjinst hie; dat gou foar de jongste likegoed as foar de âldste, de trochlearde likegoed as foar de learling.
9Foar Asaf foel it earste lot op Joazef; it twadde op Gedalja mei syn bruorren en syn soannen, tolve mei-inoar. 10It tredde foel op Sakkûr, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 11It fjirde foel op Jisry, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 12It fyfte op Netanja, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 13It sechste op Bûkkija, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 14It sânde op Jesarela, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 15It achtste op Jesaja, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 16It njoggende op Mattanja, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 17It tsiende op Sjimy, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 18It alfte op Azarel, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 19It tolfte op Chasabja, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 20It trettjinde op Sjûbael, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 21It fjirtjinde op Mattitja, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 22It fyftjinde op Jerimot, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 23It sechtjinde op Chananja, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 24It santjinde op Josjbekasja, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 25It achttjinde op Chanany, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 26It njoggentjinde op Malloty, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 27It tweintichste op Eliata, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 28It ienentweintichste op Hotir, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 29It twaëntweintichste op Giddalty, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 30It trijeëntweintichste op Machaziot, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar. 31It fjouwerentweintichste op Romamty-Ezer, syn soannen en syn bruorren, tolve mei-inoar.