It fyfte fizioen: de stander en de twa olivebeammen
1Doe kaam de ingel dy’t my útlis die, werom en makke my wekker, sa’t men ien út ’e sliep hellet. 2Hy sei tsjin my: Wat sjochsto? Ik sei: Ik sjoch in stander, hielendal fan goud, mei in oaljehâlder der boppe-op en mei sân lampen: elke lampe hat sân tuten. 3Dêrnjonken steane twa olivebeammen, ien rjochts en ien links fan ’e oaljehâlder. 4Doe naam ik it wurd en frege de ingel dy’t my útlis die: Wat moatte dy, mynhear? 5De ingel dy’t my útlis die, antwurde: Witsto net wat dy moatte? Ik sei: Nee mynhear. 6Doe sei er tsjin my: Dit wie it wurd fan de Heare foar Serûbbabel.
Net troch macht of geweld,
mar troch myn Geast,
seit de Heare Almachtich.
7Hoe’n grutte berch ast ek biste,
foar Serûbbabel silsto sljocht lân wurde;
want hy sil de stien Oanbegjin strielje litte,
en de glâns dy’t op him falt,
sil wûnder wêze.
8Doe liet de Heare my dit wurd takomme:
9Serûbbabel hat mei eigen hannen de fûneminten fan dit hûs lein,
syn hannen sille it ek ôfmeitsje;
dan silsto witte dat de Heare Almachtich my nei jim tastjoerd hat.
10Wa doar te sizzen: Sa’n dei fan lyts gepiel is my spul-fan-neat, wylst dizze sân mei blydskip sjogge, hoe’t de stien ‘Skieding’ ûnder it bewâld fan Serûbbabel stiet? Dizze sân binne de eagen fan ’e Heare, dy’t oer de hiele ierde geane.
11Doe frege ik him: Wat moatte dy beide olivebeammen rjochts en links fan ’e stander? 12Ik frege him fierder: Wat moat dat tûkeguod fan dy beide olivebeammen, dy’t njonken de twa gouden bergen steane, de bergen dêr’t in goudglâns fan útgiet? 13Doe sei er tsjin my: Witsto net wat dy moatte? Ik sei: Nee mynhear. 14Hy sei: Dat binne de twa dy’t kleare oalje binne, dy’t ree steane foar de Hear fan ’e hiele ierde.