It twadde fizioen: de fjouwer hoarnen
1Doe’t ik de eagen wer opsloech, krige ik dit te sjen. Der wienen fjouwer hoarnen. 2Ik frege de ingel dy’t my útlis die: Wat moatte dy? Hy sei tsjin my: Dat binne de hoarnen dy’t Juda [Israel en Jeruzalem] útinoar reage hawwe.
3Doe liet de Heare my fjouwer smidden sjen. 4Ik sei: Wat moatte dy hjir? Hy sei: Dy fjouwer hoarnen hienen Juda sa slim útinoar reage, dat gjin minske doarst de holle opstekke; no binne dizzen hjir kommen om harren de skrik op ’e lea te jeien en de heidenfolken de hoarnen ôf te houwen dy’t se opstutsen hienen tsjin it lân Juda om it útinoar te reagjen.
It tredde fizioen: de man mei de mjitline
5Doe’t ik de eagen wer opsloech, krige ik dit te sjen: Dêr wie in man mei in mjitline yn ’e hân. 6Ik frege him: Wer sille Jo hinne? Hy antwurde my: Ik sil Jeruzalem opmjitte om te sjen, hoe lang en hoe breed oft it is. 7Doe ferskynde de ingel dy’t my útlis die. In oare ingel gong op him ta 8en dy sei tsjin him:
Sis ris gau tsjin dy jongkeardel dêr:
Jeruzalem moat in iepen stêd wêze,
safolle minsken en fee komme deryn.
9En Ik, – is de godsspraak fan de Heare –
in muorre fan fjoer sil Ik om har hinne wêze
en yn har fermidden de gloarje.
De Heare yn it fermidden fan syn folk
10Fuort, fuort! Meitsje dat jim út it Noarderlân weikomme!
Want nei de fjouwer wynstreken wol Ik jim útswarmje litte,
is de godsspraak fan de Heare.
11Fuort, nei Sion ta! Meitsje datst ûntkomst,
do dyst wennest by dochter Babel.
12Want de Heare Almachtich,
dy’t my nei de folken dy’t jimme útrûpele hawwe, tastjoerd hat om hearlikheid (foar syn folk) te winnen,
hat dit te sizzen:
Wa’t oan jimme komt, komt oan syn eachappel!
13Tink derom! Ik ûnderhelje de hân tsjin harren;
se wurde oarlochsbút fan har eigen slaven.
Dan sille jimme witte, dat de Heare Almachtich my stjoerd hat.
14Jubelje en wês bliid, dochter Sion!
Want sjoch, Ik kom en sil yn dyn fermidden wenje
– is de godsspraak fan de Heare.
15Wit-hoefolle heidenfolken sille har dy deis by de Heare jaan
en se sille syn folk wêze
en Ik sil yn dyn fermidden wenje.
Dan silsto witte, dat de Heare Almachtich my nei dy tastjoerd hat.
16De Heare sil Juda as erfdiel nimme,
as syn diel op hillige grûn;
en op ’e nij sil Er Jeruzalem útkieze.
17Stil, minsken allegearre, foar it antlit fan de Heare,
want Hy jout Him oerein en komt út syn hillige went.