De Heare komt wer yn Jeruzalem
1Sjoch, der komt in dei foar de Heare, en dan sil de bút dysto makke hast, yn dyn eigen fermidden ferparte wurde. 2Want Ik bring alle heidenfolken mei-inoar tsjin Jeruzalem yn ’t gewear, mar (har eigen) stêd sil ynnommen wurde; de huzen sille plondere en de froulju skeind wurde. De heale stêd sil de ballingskip yngean, mar de oare helte sil de stêd net útreage wurde. 3Want de Heare komt sels yn ’t gewear om tsjin dy folken te fjochtsjen, lykas Er yn earder dagen op it slachfjild striden hat. 4Dy deis sil Er de fuotten op ’e Oliveberch sette, dy’t oan ’e eastkant foar Jeruzalem oer leit. En de Oliveberch sil midstwa spjalte fan it easten nei it westen, dat der in ûnbidige delling komt; de iene helte fan ’e berch wykt nei ’t noarden en de oare nei ’t suden. 5Dan sille jimme meitsje dat jim fuortkomme yn ’e delling tusken myn bergen, want dy delling sil oan Asal tarinne; jim sille meitsje dat jim fuortkomme, sa’t jim ek dien hawwe foar de grutte ierdskodding yn ’e dagen fan kening Oezzia fan Juda. Dan sil de Heare, dyn God, ferskine yn it hillichdom dat by dy is.
De nije tiid foar Jeruzalem
6Dan sil der gjin moarnsrea mear wêze en ek gjin kjeld of froast. 7It sil altiten dei wêze [dy tiid wit de Heare,] sûnder wikseling fan dei en nacht: yn ’e jûntiid bliuwt it ljocht. 8Dan sil der altyd-troch wetter út Jeruzalem komme, dat libben jout; foar de iene helte rint it nei de see yn ’t easten en foar de oare helte nei de see yn ’t westen, en dat by ’t simmer likegoed as by ’t winter. 9En de Heare sil kening wêze oer de hiele ierde; dan sil de Heare de iennichste Hear wêze en syn namme de iennichste namme. 10It hiele lân sil sljocht wurde, sa sljocht as de Flakte, fan Geba ôf oan Rimmon yn it suden ta. Mar Jeruzalem sil heech en dreech op syn stee bliuwe, fan ’e Benjaminspoarte ôf oan it plak fan ’e eardere poarte ta, de Hoekpoarte; fan ’e Chananeltoer ôf oan de keninklike parskûpen ta. 11Dêr sille se rêstich wenje; der sil gjin banflok mear falle en yn Jeruzalem sil ’t feilich wenjen wêze.
It lot fan ’e heidenfolken, it Ryk fan de Heare
12Mar mei dizze pleach sil de Heare alle folken oanpakke, dy’t tsjin Jeruzalem opsetten kamen: har fleis sil weitarre wylst se noch omstappe; de eagen sille har weitarre yn ’e eachholten en de tonge yn ’e mûle. 13Dan sil de Heare harren slim yn panyk bringe: as se de hannen nei elkoar útstekke om help, sille se op inoar ynslaan; 14[Juda sil tsjin Jeruzalem stride] en de rykdommen fan alle heidenfolken sille byinoar brocht wurde: in ûnbidige poarsje goud, sulver en klean. 15Dyselde pleach sil ek komme oer de hynders, de mûlezels, de kamielen en de ezels, ja oer alle bisten yn har legerkampen.
16Dy’t noch oer binne fan alle folken dy’t tsjin Jeruzalem opsetten kamen, sille dan allegearre jier-út jier-yn opgean om de Heare Almachtich, de Kening, te oanbidden en it Huttefeest te fieren. 17Mar wa’t fan ’e geslachten fan ’e ierde net nei Jeruzalem opgiet om de Heare Almachtich, de Kening, te oanbidden, dy sil gjin reinwetter krije. 18En as it geslacht fan ’e Egyptners net opgean wol, dan sil it wâlgers fan ’e Nyl ferdroegje. Oer harren sil net deselde pleach komme, dêr’t de Heare de heidenfolken mei oanpakke sil, dy’t net opgean wolle om it Huttefeest te fieren. 19Dat sil de straf fan ’e Egyptners wêze en fan alle heidenfolken dy’t net opgeane om it Huttefeest te fieren.
20Dy deis sil op ’e bellen fan ’e hynders stean: ‘De Heare tawijd’ en de gewoane potten yn it hûs fan de Heare sille lyk stean mei de offerskalen foar it alter. 21Ja, alle potten yn Jeruzalem en yn Juda sille de Heare Almachtich tawijd wêze; en allegearre dy’t offerje wolle, sille der guon fan brûke om der offerfleis yn te sieden. Dan sil der gjin Kanaänyt mear te finen wêze yn it hûs fan de Heare Almachtich.