Sacharja 12
Befrijing en fernijing fan Jeruzalem
1In útspraak. It wurd fan de Heare oer Israel. De godsspraak fan de Heare, dy’t de himel útspant en de ierde fundearret, dy’t de geast fan ’e minske yn him foarmet. 2Sjoch, Ik meitsje fan Jeruzalem in bedwelmjende beker foar alle folken, as it belegere wurdt. [Dat jildt ek foar Juda. En foar Jeruzalem jildt:] 3Dy deis meitsje Ik fan Jeruzalem in swiere hifkersstien foar alle folken. Allegearre dy’t besykje om him op te tillen, sille harsels raar beseare. Sa sil it komme, as alle naasjes fan ’e ierde mei-inoar tsjin Jeruzalem steane. 4Dy deis – is de godsspraak fan de Heare – sil Ik alle hynders skoftich meitsje en alle ruters dwylsinnich. Wat it folk fan Juda oangiet – dat sil Ik de eagen iepenje, mar de hynders fan ’e heidenfolken sil Ik allegearre mei blinens slaan. 5Dan sille de stagen fan Juda by harsels sizze: Dy fan Jeruzalem binne sa’n sterke macht troch har God, de Heare Almachtich. 6Dy deis meitsje Ik fan Juda’s stagen in brânende fjoerpot yn in houtbult en in lôgjende fakkel yn in nôtstûke; dy sille rjochts en links alle folken fertarre, wylst it folk fan Jeruzalem rêstich op syn eigen stee bliuwe kin. 7Alderearst makket de Heare de famyljes fan Juda frij, dat dy fan it hûs fan David en dy fan Jeruzalem har yn har grutskens net boppe Juda stelle. 8Dy deis sil de Heare de ynwenners fan Jeruzalem ûnder syn hoede nimme: de slopste fan harren sil dy deis in David wêze; it hûs David sil foar harren útgean as in godlik wêzen, as in ingel fan de Heare.
De grutte rouklachte
9Dy deis sil Ik derop út wêze om alle heidenfolken te ferdylgjen, dy’t tsjin Jeruzalem opsetten komme, 10mar oer it hûs David en oer dy fan Jeruzalem sil Ik de Geast fan genede bringe, dy’t bidden leart, en hja sille opsjen nei Him dy’t se deastutsen hawwe. Hja sille in rouklacht oer Him hâlde, sa’t men dat docht foar in iennichste soan en om Him skrieme, sa’t men om in earstlingssoan skriemt. 11Dy deis sil der yn Jeruzalem in rouklachte hâlden wurde, like grut as de rouklacht oer Hadad-Rimmon yn ’e delling fan Megiddo. 12It hiele lân sil rouje, elke famylje foar eigen folk, de famylje fan it hûs David, de froulju ek; de famylje fan it hûs Natan, de froulju ek; 13de famylje fan it hûs Levy, de froulju ek; de famylje fan it hûs Sjimy, de froulju ek; 14en sa alle oare famyljes, elke famylje foar eigen folk, de froulju ek.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap