1God fan myn foarâlden, Hear fan ûntferming,
Jo, dy’t mei jo wurd alles makke hawwe,
2Jo, dy’t mei jo wysheid de minske sa útrist hawwe,
dat er yn steat is jo skepping te regearjen,
3de hiele wrâld nei hillich rjocht te bestjoeren
en yn earlikens syn oardiel út te sprekken,
4jou my de wysheid, dy’t njonken Jo op ’e troan sit,
ferstjit my net út it fermidden fan jo bern.
5Ik bin ommers jo feint, de soan fan jo tsjinstfaam,
in minske mei al syn swakkens en syn koart eintsje libben
en net yn steat om rjocht en wetten te ferstean.
6Ja, ek al stekt men noch sa’n ein boppe oare minsken út,
as men de wysheid mist, dy’t fan Jo komt, sil men net yn tel wêze.
7Jo hawwe my útkeazen om jo folk te regearjen,
om rjocht te sprekken oer jo soannen en dochters.
8Jo hawwe my hjitten in timpel te bouwen op ’e hillige berch,
in offeralter yn ’e stêd dy’t Jo as wenplak namen,
neffens it foarbyld fan de hillige tinte, dy’t Jo al fan begjin ôf oan taret hawwe.
9By Jo is de wysheid, hja ken jo wurk,
hja wie derby, doe’t Jo de wrâld makken,
hja wit wat jo eagen graach sjen meie
en wat strykt mei jo geboaden.
10Stjoer har hjirhinne út ’e hege himel wei,
lit har fan jo gloarjetroan hjirhinne komme,
dat se my helpe kin by myn muoisum wurk
en ik te witten kom, wat Jo gefallich is;
11want hja wit alles en begrypt alles,
hja sil my hoedzje by wat ik ûndernim
en my beskermje mei har gloarje.
12Dan sil myn wurk geunstich opnommen wurde,
jo folk sil ik rjochtfeardich bestjoere
en sadwaande myn heit syn troan weardich wêze.
13Ommers, hokker minske soe Gods plannen kenne?
Wa kin betinke wat de Hear krekt wol?
14It tinken fan ’e minsken is beheind,
ús plannen misse fêstichheid,
15want it fergonklike lichem waacht op ’e siel
en dizze liemen tinte beswierret de geast, sa ryk oan plannen.
16Wat op ierde is, kinne wy mar amper skatte;
earst nei gâns ynspanning fine wy, wat foar de hân leit.
Wa kin dan neigean, wat der yn ’e himel is?
17Wa soe jo bedoelings kenne, as Jo sels him de wysheid net joegen,
as Jo him net jo hillige geast fan omhegen takomme lieten?
18Sa binne de paden fan dy’t op ierde wenje, rjocht makke;
sa is de minsken leard, wat Jo nei’t sin is;
sa binne se rêden troch de wysheid.