1Ik bin in stjerlik minske, net oars as oaren,
in ôfstammeling fan ’e earste dy’t út ierde foarme waard.
2Yn ’t memmeliif krige myn lichem foarm,
troch har bloed kaam it ta fêstichheid yn tsien moanne,
troch it sied fan in man en it genot dat by de sliep heart.
3By myn berte helle ik deselde lucht yn as elkenien
en bin ik op ’e grûn delkommen, lykas it mei allegear giet;
as by allegearre wie skriemen myn earste lûd.
4Ik waard yn ’e ruften lein en mei soargen grutbrocht,
5gjin kening dy’t oars begûn is.
6Ien yngong is der mar ta it libben en ek de útgong is foar elk gelyk.
7Dêrom begûn ik te bidden en my waard ynsjoch jûn,
ik smeekte en geast fan wysheid kaam oer my.
8Har hie ik leaver as skepters en troanen,
rykdom achte ik neat yn fergeliking mei har.
9Kostbere stien koe ’t by my net fan har winne;
fergelike by har, is alle goud mar wat sân
en sulver is, tinkt my, foar har oer neat as slyk.
10Mear as mei sûnens en kreazens hie ik mei har op,
har hie ik leaver as it ljocht,
want de glâns dy’t fan har útgiet, hâldt noait op.
11Mei har kaam alle goeds tagelyk op my ta,
ûntelbere rykdommen hat se yn hannen.
12Dat allegearre wie ik bliid mei, om’t de wysheid it meinommen hie,
mar ik wist net, dat alles út har fuort kaam.
13Wat ik sûnder bybedoelings leard haw, diel ik sûnder begrutsjen út;
har rykdommen weistopje, dat doch ik net.
14Hja is foar de minsken ommers in skat dêr’t gjin ein oan komt;
dy’t har besitte, winne Gods freonskip
en komme by Him yn ’e geunst troch it goede, dat wysheid har learde.
15Dat God my ynjaan mei, it sa ûnder wurden te bringen, dat it Him nei ’t sin is,
it sa te sizzen, dat it past by wat Hy joech.
Hy is ommers de paadwizer fan ’e wysheid,
de liedsman fan ’e wizen.
16Ja, yn syn hân binne wy, wy mei al ús wurden,
mei al ús begryp en al ús kinnen.
17Hy is it, dy’t my it wiere ynsjoch jûn hat yn wat is;
troch Him ken ik de wrâld, sa’t dy yninoar sit, it fermogen fan ’e eleminten,
18begjin en ein en midden fan ’e tiden,
de feroaringen fan ’e sinnestân, de wikseling fan ’e seizoenen,
19de omgong fan it jier, de stân fan ’e stjerren,
20de natuer fan ’e dieren, de ynstinkten fan ’e wylde bisten,
de macht fan ’e geasten, it tinken fan ’e minsken,
de fariaasje fan planten en de genêzende krêft fan ’e woartels.
21Alles wat der is, sichtber en ûnsichtber, bin ik te witten kommen,
want sij dy’t alles útfûn hat, de wysheid, dy hat it my leard.
22Yn har wennet in ferstannige en hillige geast,
iennich, mannichfâldich, fynbeslipe,
beweechlik, djip boarjend, ûnbesmet,
helder, ûnkwetsber, goedmoedich, skerp,
ûnkearber, woldiedich,
23dy’t as freon fan ’e minsken evenredich, wis, net swiersettich,
almachtich, alles oersjend,
ta alle ferstannige, suvere en fynbeslipe geasten yngong fynt.
24Want de wysheid is liniger as hokker linigens ek,
har suverens makket, dat se yn en troch alles hinnekringt.
25Hja is de azem fan Gods krêft,
in suver útfloeisel fan ’e gloarje fan de Almachtige.
Dêrom giet gjin inkelde ûnsuverheid der by har yn.
26Hja is in wjerspegeling fan it ivige ljocht,
in ûnbesleine spegel fan Gods machtige wurksumens,
in byld fan syn goedens.
27Al is se mar allinne, se kin alles,
hja bliuwt dy’t hja wie, mar makket alles nij.
Fan âlder op âlder giet se yn oare hilligen oer
en makket fan harren Godsfreonen en profeten.
28God hâldt allinne fan wa’t mei de wysheid libbet.
29Ja, sy is moaier as de sinne,
hja giet alle stjerrebylden te boppe,
by it ljocht fergelike wint sij it;
30want op it ljocht fan ’e dei folget it tsjuster fan ’e nacht,
mar tsjin de wysheid kin gjin kwea it hâlde.