Twadde diel: Aard en wurking fan de wysheid
1Harkje dêrom, keningen, harkje en nim it yn jim op,
lit jim beleare, bestjoerders fan fiere lannen,
2set de earen goed iepen, jim dy’t de folken regearje,
jimme dy’t grut geane op ’e mannichte fan jim folken.
3It regear is jim jûn troch de Hear,
jim macht komt fan de Allerheechste.
Hy is it, dy’t jim wurk besjen en jim plannen hifkje sil.
4Ja, jimme, syn helpers yn ’t bestjoer, wienen net suver yn jim oardiel,
jim hâlden jim net oan syn wet
en dienen net sa’t God woe.
5Mei gauwens komt Er op jim ôf, ferskriklik,
want foar hege hearen is Er ûngenadich yn syn oardiel.
6De lytse man kin rekkenje op syn barmhertichheid,
mar de machtige nimt Er fûleinich ûnder hannen.
7De Almachtige giet foar gjinien omlizzen,
Hy bynt net yn foar de grutte lju,
want lyts en grut, Hy hat se sels makke
en soarget foar elkenien likegoed.
8De machtigen wachtet in strang ûndersyk.
9Dêrom, machtigen, binne myn wurden foar jimme,
dat jim wysheid leare en net stroffelje.
10Dy’t it hillige hillich hâlde, binne hillich foar de rjochter
en dy’t har dêryn beleare litte, kinne fan har ôfsprekke.
11Wês dus begearich nei myn wurden,
longerje dernei en se sille jim de wei wize.
12De wysheid hat in glâns dy’t der noait ôfgiet,
se is maklik te sjen foar dy’t fan har hâlde,
maklik te finen foar dy’t om har sykje.
13Hja komt dy’t har begeare, temjitte en makket har yn ’t foar bekend.
14Dy’t om har betiid fan ’t bêd giet, hoecht net te skreppen,
by syn doar sil er har al sitten sjen.
15Har alle oandacht jaan is it ferstannichste dat men dwaan kin;
wa’t om har wekker bliuwt, is gau út ’e noed.
16Sels giet se oeral op siik nei dy’t har weardich binne,
en goedmoedich fertoant se har ûnderweis oan harren,
hja komt harren yn alle oertinkings temjitte.
17Nocht oan learen is it bêste begjin foar wysheid,
de wil om te learen is leafde,
18leafde is jin hâlde oan har wetten,
jin hâlde oan dy wetten jout garânsje foar ûnfergonklikheid
19en ûnfergonklikheid bringt jin tichteby God.
20Sa liedt de begearte nei wysheid nei it keningskip.
21Dêrom hearskers oer de folken, as jimme graach op ’e troan sitte en de skepter swaaie,
earje dan de wysheid en jim sille foar altyd regearje.
22Wat is dan wysheid en hoe is se ta wêzen kommen? Ik sil it sizze
en gjin geheim sil ik foar jim achterhâlde.
Fan begjin ôf oan sil ik har spoar neigean,
ik sil dúdlik meitsje, hoe’t hja te kennen is
en net fan ’e wierheid ôfwike.
23Noait sil ik as freon oprinne mei de mitige oergeunst,
want dy hat mei wysheid neat te krijen.
24De wizen binne mei-inoar it behâld fan ’e wrâld,
in ferstannige kening makket it wolwêzen fan in folk út.
25Lit jim dêrom beleare troch myn wurden,
dat sil jim fertuten dwaan.