1Better is it gjin bern te hawwen en deugdsum te wêzen,
want deugd bliuwt ivich yn ’t ûnthâld,
God en minske beide hawwe dy heech.
2Dêr’t deugd is, besiket men dêrneffens te dwaan,
dêr’t dy net is, giet de langst der dochs nei út.
Foar altyd rint hja foarop mei de oerwinningskrâns,
om’t hja de priis yn ’e kampstrijd earlik wûn hat.
3Al hawwe de goddeleazen in soad bern, it jout harren neat:
wat fan wylde leaten komt, set gjin woartel yn ’e djipte,
it kriget gjin hâld yn ’e grûn.
4Ek al sjitte de tûken earst út,
it stiet wif, de wyn skoddet it trochinoar
en by stoarmwaar knappe de woartels ôf.
5De tûken brekke al, ear’t se útgroeid binne,
de frucht is neat wurdich, wurdt net ryp om te iten,
men kin der neat mei.
6Bern út in sûndige bysliep binne by it oardiel getugen tsjin har âlden dy’t net doogden.
7Mar de deugdsume sil rêst fine, ek al stjert er jong.
8In earfolle âlderdom krijt men net mei lang te libjen,
dy wurdt net ôfmetten neffens it tal fan ’e jierren;
9nee, in ferstannich oardiel, dat is griis hier,
in smetteleas libben, dat is hege âlderdom.
10Sa’n ien hat it God nei ’t sin dien, God hâldt fan him,
hy libbe tusken de sûnders, mar is derby weihelle;
11hastich is er derút tild, dat it kwea syn geast net bedjerre
en it bedroch him net op ’e doele bringe soe.
12De tsjoen fan it kwea benimt it goede syn glâns,
de twirre fan ’e begearte kin de ûnskuld omteare.
13Mei yn in lyts setsje tiid ta folsleinens te kommen hat er lange tiden fol makke;
14syn libben wie de Hear gefallich;
dêrom helle Dy him gau út ’e ferdoarnens wei.
De lju seagen it en koenen der net by;
it kaam hielendal net by harren op,
15dat der foar Gods útkarden genede en barmhertichheid bestiet,
dat syn hilligen beskerme wurde.
16De deugdsume dy’t stjert, set de goddeleazen dy’t libje, te skande
en de ier ta folsleinens kommen jonkheid, set de hege âlderdom fan ’e sûnder te spot.
17De libbensein fan ’e wize sjogge se wol,
mar wat God mei him foar hie, dêr hawwe se gjin aan fan;
se begripe net, wêrom’t de Hear him yn feilichheid brocht hat.
18Se sjogge it en gnize derom,
mar de Hear sil harren útlaitsje.
19Dan sille it ferskopte liken wêze,
in ivige ôfgriis ûnder de deaden.
De Hear sil har brekke, stomslein geane se de ôfgrûn yn;
Hy sil harren út har fêstichheid weistjitte;
se sille hielendal útdroegje,
fergean fan ’e pine
en gjinien dy’t mear oan har tinkt.
20As de rekken fan har sûnden opmakke wurdt, komme se deabenaud oansetten,
want har eigen ûngerjochtichheden binne der om har oan te kleien.