Tobit 14
De lêste fermoanning fan Tobit oan Tobías
1Sa besleat Tobit syn lofliet.
2Hy wie achtenfyftich, doe’t er blyn waard. Acht jier letter krige er it gesicht wer. Hy gong troch mei goeddwaan en God de Hear fol earbied te ferhearlikjen. 3Doe’t er hiel âld wurden wie, rôp er syn soan en dy syn soannen en sei tsjin him: Myn jonge, nim dyn bern mei. Sjoch, ik bin in âldman en it rint mei my nei de ein. 4Do moatst nei Medië gean, jonge. Ik leau fêst wat profeet Jona oer Ninevé sein hat, dat it lyk mei de grûn makke wurde sil. Yn Medië sil it frediger wêze oan in stelde tiid ta. Ik leau ek fêst, dat ús bruorren út har eigen goede lân weihelle en oer de hiele ierde ferstruid wurde sille, dat Jeruzalem der ferlitten hinne komt te lizzen en dat it hûs fan God dêre yn ’e brân rekket en net oars as in púnfal wêze sil oan in stelde tiid ta. 5Mar dan sil God wer barmhertich foar harren wêze en har yn it lân werombringe. Dan sille se de timpel wer opbouwe, net sa moai as eartiids, en dy sil der stean oant de ein fan ’e tiden komt. Dan sille se út ’e ballingskip weromkomme en Jeruzalem wer opbouwe yn al syn gloarje. In timpel sil dêr boud wurde foar alle kommende tiden, in prachtich bouwurk, sa’t de profeten dat foarsein hawwe. 6En alle folken sille har bekeare ta it wiere ûntsach foar God de Hear en se sille har ôfgodsbylden bedobje. En alle folken sille God priizje. 7Syn eigen folk sil God tankber wêze en de Hear sil syn folk omheech bringe. Elkenien dy’t God earlik en oprjocht leafhat en ús folk goeddocht, sil der bliid mei wêze.
8En no, jonge, meitsje datst út Ninevé weikomst, want wat profeet Jona sein hat, komt fêst út. 9Hâld dy oan ’e wet en de geboaden. Wês goed en deugdsum, dan sil it goed mei dy gean. Jou my in grêf sa’t it heart, en lis mem njonken my. Bliuw net langer yn Ninevé. 10Sjoch, jonge, nei wat Nadab syn fâd Achikar oandien hat, hoe’t er him út it ljocht wei yn ’e tsjusternis brocht hat en wat dy fan syn kant weromdie. Achikar is behâlden bleaun, mar de oare hat lean nei wurken krige en is sels yn it tsjuster te lâne kommen. Achikar hie goeddien en is sadwaande ûntkommen oan it deadlike net dat de oare foar him spand hie. Nadab kaam der sels yn te lâne en stoar. 11Dêr kinne jim oan sjen, myn bern, wat goeddwaan útwurket en hoe’n behâld de deugd is.
Wylst er dat op bêd sei, gong it libben út him wei. Hy wie hûndert achtenfyftich jier. En Tobías joech him in grêf sa’t it heart.
12Doe’t Anna ek stoar, begroef er har njonken syn heit. Doe gong er mei frou en bern nei Ekbátana, nei Raguël, syn skoanheit. 13Hy waard mei eare âld en besoarge syn skoanâlden in grêf sa’t it heart. Hy urf har besittings en dy fan Tobit. 14Hy is stoarn yn Ekbátana yn Medië, hûndert sânentweintich jier âld. 15Hy hat de ûndergong fan Ninevé noch belibbe. Nebûkadnessar en Ahasfearos namen de ynwenners as ballingen mei. Dy foldwaning hied er foar syn dea noch.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap