De ingel makket himsels bekend
1Tobit rôp syn soan Tobías by him en sei: Sjoch, myn jonge, hjir is it lean foar de man dy’t mei west hat; wy moatte him der noch wat oerhinne jaan. 2Hy sei: Heit, as ik him de helte jou fan wat ik meinommen haw, dat let my neat. 3Hy hat my sûn en wol wer by heit brocht, myn frou better makke, it jild foar my helle en heit ek noch genêzen. 4Ja, sei de âldman, dat komt him ta.
5Hy liet de ingel by him komme en sei: Nimme jo de helte fan wat jimme meinommen hawwe. 6Doe naam de ingel harren tegearre even fansiden en sei: Priizje God, loovje Him, erken syn majesteit en doch alle libbenen te witten, wat Er foar jimme dien hat. It is goed God te priizjen en syn namme te ferhearlikjen troch mei earbied te fertellen fan syn dieden. Skoarje der net tsjinoan om foar Him út te kommen. 7In keninklik geheim moat men stilhâlde, Gods dieden moatte ta syn eare iepenlik bekend makke wurde. Doch wat goed is, dan kin it kwea jim net berikke. 8It is goed, dat men bidt, festet, goeddocht en freonlik foar in oar is. It bytsje dat men yn folle gerjochtichheid bespûn hat, is mear as de grutte bulte dy’t mei ûnrjocht byinoar klaud is. Better is it woldiedich te wêzen as goud op te garjen. 9Ja, it goeddwaan bewarret jin foar de dea en faget alle sûnde út. Dy’t goeddogge en oaren helpe, sille har dagen fol meitsje. 10Mar dy’t sûndigje, binne har eigen fijân. 11Ik sil neat foar jimme ferburgen hâlde. Ik haw sein, dat it goed is in keninklik geheim stil te hâlden, mar ek dat Gods dieden ta syn eare iepenbiere wurde moatte. 12Sjoch, doesto en dyn breid Sara oan it bidden wienen, brocht ik jimme smeekbea foar de Hillige, dat Er dêr omtinken oan jaan soe. En doe’t jo de deaden begroeven, wie ik derby. 13En doe’t jo sûnder te wifkjen oereingongen en it iten stean lieten om in deade te begraven, is my net ûntgien, hoe goed jo wienen: ik wie derby. 14Sa hat God my ek útstjoerd om jo en jo skoandochter Sara better te meitsjen. 15Ik bin Rafael, ien fan ’e hillige ingels dy’t de gebeden fan ’e hilligen foar God bringe en tagong hawwe ta syn hillige Majesteit.
16Doe krigen beide mannen it te krap en ferheard lieten se har foaroer op ’e grûn falle. 17Mar hy sei tsjin harren: Wês net bang, ik lit jim mei frede. Priizje God oant yn ivichheid. 18Dit hat net in geunst fan myn kant west, nee, ik bin kommen om’t ús God it sa hawwe woe. Him moatte jimme dêrom priizje oant yn ivichheid. 19Jimme seagen it wol alle dagen, mar echt iten en dronken haw ik net, it like mar sa. 20Priizje God no, want ik gean werom nei Him dy’t my stjoerd hat. Skriuw alles wat him foardien hat, op yn in boek.
21Doe’t se stean gongen, wied er net mear te sjen. 22Sy ferkundigen de grutte en wûnderlike dieden fan God en hoe’t se mei eigen eagen in ingel sjoen hienen.