Tobías komt thús, Tobit wurdt better
1De reis gong fierder, oant se ticht by de poarte fan Ninevé kommen wienen. Doe sei Rafael tsjin Tobías: 2Witst noch wol, freon, hoest dyn heit achterlitten hast? 3Lit ús op dyn frou foarútgean en it hûs yn oarder meitsje. 4Nim de galle fan de fisk mei. Sa rûnen se dan foarút, mei it hûntsje achter harren oan. 5Anna siet de wei oer te sjen dêr’t har soan lâns weromkomme moast. 6Se seach him oankommen en sei tsjin de heit: Sjoch, dêr komt dyn soan oan en de man dy’t mei him gien is, ek.
7Rafael sei: Ik bin der wis fan, dat dyn heit aansens wer sjen kin. 8Smar de galle op syn eagen en as dat begjint te biten, wriuwt er deryn, de wite plakken falle der dan ôf en hy kin wer sjen.
9Anna kaam op harren ta rinnen en foel har soan om ’e hals. Se sei: No’t ik dy wer sjoen haw, myn jonge, kin ik stjerre. En se skriemden allebeide.
10Tobit woe ek de doar út komme, mar hy stjitte dêrtsjin oan. 11De soan fleach op him ta, pakte syn heit beet, smarde him de galle op ’e eagen en sei: It komt wol goed, heit. 12Doe’t de eagen begûnen te biten, wreau er deryn en de wite plakken foelen der by de eachhoeken as skilen út. 13Hy seach syn soan, foel him om ’e hals en sei mei triennen yn ’e eagen: 14Heech te priizjen binne Jo, God, en prize is jo namme oant yn ivichheid. Te priizjen binne al jo hillige ingels. Jo hawwe slein, mar wienen ek barmhertich. Ik sjoch Tobías, myn soan, mei eigen eagen.
15Syn soan gong yn ’e hûs, tige bliid, en fertelde syn heit fan ’e wûnderbaarlike dingen dy’t er yn Medië belibbe hie. 16Doe gong Tobit syn skoandochter temjitte. Hy wie tige bliid en op wei nei de poarte fan Ninevé prize er God. Dy’t him rinnen seagen, ferwûnderen har deroer, dat er sjen koe. Tobit sei harren, dat er it oan God te tankjen hie. Dy hie barmhertich foar him west.
17Doe’t Tobit by Sara kaam, syn skoandochter, segene er har en sei: Wês wolkom, dochter. Heech te priizjen is God, dy’t jo by ús brocht hat, prize binne ek jo heit en mem.
18En it wie feest foar de hiele famylje yn Ninevé. 19Achikar wie der ek, en syn neef Nadab. Sân dagen lang fierden se Tobías syn brulloft, allegear like fleurich.