Tobit 10
Tobías werom nei Ninevé
1Underwilens telde Tobit de dagen ôf. Doe’t it tal fol wie en se der noch net wienen, 2sei er: As se dêr mar gjin ûngelok hân hawwe; as Gabael mar net dea is en gjinien him it jild jout. 3Hy siet der tige oer yn. 4Syn frou sei tsjin him: De jonge is ferûngelokke, it is al fier oer de tiid. Se begûn al mei rouklachten foar him en sei: 5Wat spyt it my, myn bern, dat ik dij, it ljocht fan myn eagen, fuortgean litten haw. 6Mar Tobit sei: Stil, sit mar net yn noed, it is goed mei him. 7Sij dêrtsjin yn: Meitsje my net wat wiis; myn bern is ferûngelokke. En elke dei rûn se de wei út, dêr’t er lâns gien wie, doe’t er fuortgong. Oerdei iet se net en nachts hâlde se net op mei har rouklachten om har soan, har Tobías. Dat duorre oant de fjirtjin dagen fan ’e brulloft om wienen; Raguël hie him ommers besward dêr sa lang te bliuwen.
8Tobías sei tsjin Raguël: Lit my no gean, heit en mem hawwe fêst de hoop al opjûn, dat se my weromsjen sille. 9Syn skoanheit sei lykwols: Bliuw by my. Dan stjoer ik wol guon nei dyn heit ta om te sizzen, hoe’t it mei dy is. Mar Tobías sei: Nee, lit my sels nei heit ta gean. 10Doe gong Raguël stean en joech him Sara, syn frou, en de helte fan syn besit oan slaven, fee en jild. 11Hy segene harren en liet har gean mei de wurden: De God fan ’e himel sil jimme de goede wei wize, en ik sil dat noch belibje. 12En tsjin syn dochter sei er: Earje dyn skoanâlden, dat binne no dyn heit en mem. Ik hoopje altiten goed nijs oer dy te hearren. Doe tute er har. 13Edna sei tsjin Tobías: Bêste jonge, mei de Hear fan ’e himel dy hjir nochris wer hinne stjoere en my dan de geunst jaan de bern te sjen, dyst by myn dochter Sara krige hast; dat de Hear sjocht, hoe bliid ik dermei bin. Sjoch, ik fertrou dy myn dochter ta, doch har gjin fertriet oan. 14Doe sette Tobías ôf. Hy prize God, om’t Dy syn reis sa segene hie; by it ôfskienimmen betanke er Raguël en Edna, syn frou, tige.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap