Titus 2
Kristlik libben yn ’e hûs
1Mar sprek do dêrom ta harren wat mei de sûne lear strykt. 2Sis, dat âlde manlju nochteren wêze moatte, earber, hoeden, sûn yn leauwen, leafde en geduld. 3Sis, dat âlde froulju har krekt-en-allyk hâlde en drage as by de hillige tsjinst past, dat se net rabje en net ferslave binne oan ’e wyn; dat se it goede foarbyld jouwe. 4Dêrmei sette se de jongere froulju derta oan om har man en bern leaf te hawwen; 5om earber te wêzen, hoeden, goed foar de húshâlding, freonlik en foar har eigen man oer har plak te witten. Sa komt it Wurd fan God net op in minne namme.
6Stean der allyksa by de jonge mannen op oan om hoeden te wêzen oer alle boegen, 7troch sels in foarbyld fan goede dieden te jaan. Wês yn it ûnderrjochtsjen earlik en weardich. 8Lit dyn sprekken sûn wêze en sà dat der neat tsjin ynlein wurde kin. Dan sille de tsjinstanners beskamme weikomme, om’t se neat gjin ferkeards fan ús sizze kinne.
9Stean der by de slaven op oan, dat se yn alle ding har plak witte foar har masters oer, om it harren nei ’t sin te meitsjen en dat se net tsjinsprekke, 10dat se neat fertsjustermoanje, mar in toanbyld fan folsleine betrouberens binne, dan sille se yn alles in sieraad wêze foar de lear fan God, ús Ferlosser.
11Want de genede fan God, dy’t alle minsken heil bringt, is op ierde ferskynd. 12Dy leart ús, om fan de goddeleazens en de begearten fan dizze wrâld ôf te sjen en om hoeden, rjochtfeardich en from te libjen yn dizze tiid, 13want wy sjogge longerjend út nei it lok dêr’t wy op hoopje: dat ús grutte God en Ferlosser Kristus Jezus yn folle hearlikheid ferskine sil. 14Hy hat Himsels foar ús jûn om ús los te keapjen fan alle ûngerjochtichheid en om fan ús in folk te meitsjen dat hielendal sines is, troch Him suvere, en warber om it goede te dwaan.
15Sa moatsto sprekke, fermoanje en wjerlizze mei alle klam. Net ien mei dy leechlizze.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap