Lofsang op ’e dûnsjende breid
1– Draai dy om,draai dy om, Sjûlamityske,
draai dy om, draai dy om, wy wolle dy besjen.
– Wêrom sjogge jim nei de Sjûlamityske,
as dûnse se in legerdûns?
2– Hoe moai is dyn stap yn ’e sandalen,
do dochter fan in prins.
Dyn rûne heupen binne juwielen,
it wurk fan keunstnershannen.
3Dyn nâle is in rûne romer,
dy’t noait sûnder krûdige wyn is.
Dyn liif is in heap weet
mei leeljes der omhinne.
4Dyn boarsten binne twa jongen,
twillingen fan in gazelle.
5Dyn hals is in toer fan ivoar,
dyn eagen binne fivers fan Chesjbon
by de poarte Bat-Rabbim;
dyn noas is as de Libanon-toer,
dy’t útsjocht op Damaskus.
6Do draachst dyn holle as de Karmel
dyn hier liket wol poarper:
der is in kening yn dyn frissels fongen.
Petear fan breugeman en breid
7Hoe moai en hoe leaflik bisto,
it leafste dat in man begeart.
8Dyn slank postuer is as in palmbeam,
dyn boarsten binne dadeltrossen.
9Ik sei: ik wol yn dy palmbeam klimme
en nei syn trossen gripe;
litte dyn boarsten druvetrossen wêze
en lit de azem fan dyn noas nei appels rûke.
10Dyn ferwulft hat kostlike wyn,
dy’t dyn leafste krêft jout
en him sêft oer de sliepende lippen rint.
11– Ik bin fan myn leafste
en syn langst giet nei my út.
12Kom, myn leafste, wy geane it fjild yn
en bliuwe de nacht oer yn ’e wynberch.
13Lit ús betiid nei de wyngerds gean
en sjen oft de wynstôk útrint,
oft de blossems al iepen binne
en de granaatappels al bloeie.
Dêr wol ik dy myn leafde jaan.
14De leafdeappels rûke en
by ús doarren groeie allegear kostlike fruchten,
nije en âlde soarten.
Foar dy, myn leafste, haw ik se bewarre.