1– Wêr is dyn leafste hinne,
do moaiste fan ’e froulju?
Wêr is dyn leafste keard,
dat wy mei dy sykje?
2– Myn leafste is nei syn hôf
nei de balsembêden,
om him te fermeitsjen yn ’e hôven
en om leeljes te ploaitsjen.
3Ik bin fan myn leafste
en myn leafste is fan my;
hy weidet de keppel tusken de leeljes.
Lofsang op ’e moaie breid
4– Do bist moai as Tirsa, myn freondinne,
leaflik as Jeruzalem,
ûntsachlik as wapperjende flaggen.
5Kear dyn eagen fan my ôf,
want se meitsje my oerstjoer.
Dyn hier is in keppel geiten,
dy’t by de bergen fan Gileäd delweagje.
6Dyn tosken binne in keppel skiep,
dy’t út ’e waskdobbe komme,
allegearre mei twillingen
en gjinien is der sûnder.
7De sliepen skine troch dyn wale
as de skiven fan in granaatappel.
8Sechstich keningen binne der,
tachtich byfrouwen
en fammen sûnder tal,
9mar der is mar ien lykas myn doke,
myn folsleine,
ienlingsdochter fan har mem,
eachappel fan dy’t har berne hat.
De jonge fammen neame har lokkich as se har sjogge,
de keninginnen en byfrouwen priizje har.
10Wa is dat, dy’t ferriist as de dage,
moai as de blanke moanne,
helder as de gleone sinne,
ûntsachlik as wapperjende flaggen?
11Ik gong it paad del nei it nutehôf
om nei de blossems yn ’e delling te sjen,
om te sjen, hoe’t de wynstôk útrûn
en hoe’t de granaatappelbeammen bloeiden.
12Ear’t ik it wist, siet ik yn gedachten al
op ’e wein fan in prins.