Liet fan ’e breugeman
1Wat bisto moai, myn freondinne,
o, wat bisto moai.
Dyn eagen binne as dowen
achter dyn wale.
Dyn hier is in keppel geiten,
dy’t by de bergen fan Gileäd delweagje.
2Dyn tosken binne in keppel skearde skiep,
dy’t út ’e waskdobbe komme,
allegearre mei twa lammen
en gjinien is der sûnder.
3Dyn lippen binne in read lint
en dyn mûlwurk is leaflik.
Dyn sliepen skine troch dyn wale
as skiven fan in granaatappel.
4Dyn hals is as de Davidstoer,
boud ta in wapenhûs;
tûzen skylden hingje dêroan,
allegearre heldeskylden.
5Dyn beide boarsten binne twa lammen,
twillingen fan in gazelle,
dy’t tusken de leeljes weidzje.
6Oant de moarntydswyn waait
en de skaden flechtsje,
wol ik nei de mirreberch gean,
nei de wijreekheuvel.
7Alles oan dy is moai, myn freondinne,
do bist sûnder lek of brek.
8Kom mei by de Libanon del, myn breid,
kom mei by de Libanon del,
kom nei ûnderen fan ’e top fan ’e Amana,
fan ’e top fan ’e Senir en de Hermon,
by de wenten fan ’e liuwen
en de bergen fan ’e panters wei.
9Betsjoend hasto my, myn famke, myn breid,
betsjoend mei ien wink fan dyn eagen,
mei ien keattinkje fan dyn halssieraad.
10Wat is dyn leafde swiet, myn famke, myn breid,
dyn leafde is swieter as wyn
en de rook fan dyn salfoalje as alle balsemroken.
11Hunichseam dript dy fan ’e lippen, myn breid,
as hiest hunich en molke ûnder dyn tonge;
de rook fan dyn klean is as de rook fan ’e Libanon.
12Do bist in tún, dy’t op slot sit,
myn famke, myn breid,
in welle, dy’t op slot sit,
in fersegele fontein.
13Ut dij sprút in paradys fan granaatappelbeammen
mei de kostlikste fruchten,
mei hennablommen en nardus,
14nardus en saffraan, kalmus en kaniel,
mei allerhande wijreekhout, mirre en aloé,
mei de kostlikste balsemroken.
Petear fan breid en breugeman
15Ik bin in fontein yn in hôf,
in boarne dy’t altyd wetter hat,
dat by beken út ’e Libanon komt.
16Wurd wekker, o Noardewyn,
en kom, o Sudewyn, waai troch myn hôf,
dat de balsemroken him temjitte komme.
Kom yn dyn hôf, myn freon,
en yt syn kostlike frucht.