Dream fan ’e breid
1Nachts, op myn rêstbêd,
socht ik myn alderleafste;
ik socht him, mar ik fûn him net.
2Ik wol derôf en de hiele stêd troch,
oer strjitten en pleinen,
ik wol om myn alderleafste sykje.
Ik socht him, mar ik fûn him net.
3Ik trof de wachters,
dy’t de stêd trochkruse:
Hawwe jim myn alderleafste ek sjoen?
4Mar amper wie ik har foarby,
of ik fûn myn alderleafste.
Ik krige him beet en liet him net los,
ear’t ik him yn it hûs fan ús mem brocht hie,
yn ’e keamer fan har dy’t my berne hat.
5Ik beswar jimme, fammen fan Jeruzalem,
by de gazellen of de reeën fan it fjild,
fjurje de leafde net oan en meitsje har net wekker,
ear’t se der nocht oan hat.
Optocht nei de brulloft
6Wat komt dêr út ’e woestine wei
as kolommen fan reek,
yn wolken fan mirre en wijreek,
en krûderijen fan ’e keapman?
7Dat is de draachstoel fan Salomo
mei sechstich helden der omhinne,
út ’e helden fan Israel,
8allegearre bewapene mei it swurd,
en goed beleard yn ’e striid;
elk hat it swurd op ’e side,
klear foar it alarm yn ’e nacht.
9In draachkoets liet kening Salomo him meitsje
fan hout út ’e Libanon.
10De fuotstikken makke er fan sulver,
de leunings fan goud,
de sitting wie fan poarper
en it binnenwurk mei leafde beklaaid
troch de fammen fan Jeruzalem.
11Kom bûten, o dochters fan Sion,
en sjoch hoe’t kening Salomo de krânse draacht,
dêr’t syn mem him mei omkrânze hat
de deis fan syn brulloft,
de deis, dat syn hert bliid wie.