De lof fan Gods helden
1Lit ús no ferneamde mannen priizje,
de foarâlden dêr’t wy fan ôfstamje.
2De Hear hat gâns hearlike dingen ta stân brocht,
syn gloarje fan ivichheid ôf.
3Der wienen regearders yn har keninkriken,
mannen, ferneamd om har macht.
Der wienen ek guon, dy’t rie joegen neffens har ynsjoch,
dy sprieken mei profetyske krêft.
4Guon bestjoerden it folk mei har oanwizingen
en mei har ynsjoch yn ’e wittenskip fan it folk,
wiis wienen har wurden by har ûnderrjocht.
5Oaren gongen de wizen fan ’e lieten nei
en stelden de âlde ferhalen te boek.
6Wer oaren wienen ryk en útrist mei macht,
dy wennen freedsum yn har eigen húshâlding.
7Dy allegearre wienen yn har eigen tiid yn eare,
by har libben waard der heech fan har opjûn.
8Fan guon fan harren is de namme bewarre bleaun,
sadwaande wurdt der noch mei lof oer har praat.
9Oan oaren is der gjin oantinken mear,
dy binne weiwurden as hienen se noait bestien,
se binne wurden as hienen se der noait west
en har bern is it letter krektlyk fergien.
10Mar dy earsten wienen mannen dêr’t elk mei op hie
en it goede dat se dien hawwe, sil net fergetten wurde.
11Dat bliuwt har neiteam by,
in goed erfskip litte se nei.
12Har neiteam hâldt fêst oan it ferbûn,
dat dogge dy bern om har.
13Foar altyd bliuwt har neiteam bestean,
har goede namme sil net útwiske wurde.
14Har lichemen binne yn frede te hôf brocht
en har namme libbet fuort oan ’e fierste neiteam ta.
15De folken meitsje gewach fan har wysheid,
de gemeente sjongt har lof.
Henoch, Noäch
16De Hear hie gâns mei Henoch op en dy waard yn ’e himel opnommen,
in foarbyld fan bekearing foar alle geslachten.
17Noäch waard sûnder wryt of slyt befûn,
yn ’e tiid fan it oardiel kaam hy foar de oaren yn ’t plak.
Troch him bleauwen der noch minsken op ’e ierde oer,
doe’t de grutte floed kaam.
18In ivich ferbûn waard der mei him sletten,
dat net wer alle libbene wêzens troch de floed weifage wurde soenen.
Abraham, Izaäk en Jakob
19Abraham is de grutte heit fan in mannichte folken,
der wie net ien te finen, sa ferneamd as hy.
20Hy hat him oan ’e wet fan ’e Allerheechste hâlden
en hy mocht in ferbûn mei Him oangean.
Oan syn lichem brocht er it teken oan fan dat ferbûn
en doe’t er hifke waard, bleau er trou.
21Dêrom hat de Hear him der in eed op dien,
dat de folken yn syn neiteam segene wurde soenen,
dat it sa machtich wurde soe as it stof fan ’e ierde,
ja dat syn neiteam sa heech as de stjerren set wurde soe
en dat it de ierde be-ervje soe
fan ’e iene see oant de oare,
fan ’e rivier ôf oan ’e útein fan ’e ierde ta.
22Sa hat Er ek oan Izaäk it ferbûn befestige
om Abraham, syn heit.
23De segen foar alle minsken en it ferbûn
liet Er op Jakobs holle rêste.
Hy hat him betocht mei segeningen
en hat him it lân yn erflik besit jûn,
Hy hat it yn stikken ferparte
en de tolve stammen elk har part jûn.