1Mar skamje dy net foar de neikommende dingen
– en sûndigje net troch de lju ûngelikens te behanneljen –
2foar de wet en it ferbûn fan ’e Allerheechste
en foar in fonnis dat ek de goddeleaze rjocht docht,
3om ôf te rekkenjen mei in maat, ien dêr’t men mei op reis is
en om foar freonen it erfskip te ferdielen,
4om skealjes en wichten sekuer te brûken,
om folle of in bytsje te besitten,
5foar winst by it hanneljen mei keaplju
en foar strange tucht oer de bern;
skamje dy net, in ûndogense slaaf te slaan dat it bloed dernei rint.
6Foar in frou dy’t net doocht moatst dyn guod fersegelje,
dêr’t gâns hannen binne, moatst de boel ôfslute.
7Ast wat oerdraachst, tel en weach it,
en hâld boek fan útjeften en ynkomsten.
8Skamje dy net om in dwaas en in sot te plak te setten
en in stokâlde man dy’t mei de jongerein iggewearret.
Dan docht it bliken datst wier in goede opfieding hân hast,
dan sjocht elkenien heech by dy op.
Noed om jins dochter
9In dochter lit har heit wekker lizze sûnder dat se it wit,
de noed dy’t er mei har hat, ferdriuwt de sliep;
as se jong is, dat se âldfaam wurde sil,
as se troud is, dat har man syn nocht fan har krijt;
10as se jongfaam is, dat se ûnteare wurde sil
en yn ferwachting rekket yn it âlderlik hûs;
as se in man hat, dat se in misstap dwaan sil;
as se troud is, dat se ûnfruchtber wêze sil.
11Hâld dyn dochter goed ûnder ’e kwint, as se net om lyk wol,
oars makket se dat dyn fijannen dy útlaitsje,
dat der yn ’e stêd oer dy praat wurdt en it folk dy beskuldiget
en elkenien skande fan dy sprekt.
Pas op mei froulju
12Sjoch net elk minske op it moaie uterlik oan
en mij it selskip fan froulju.
13Want de mot komt út ’e klean wei
en frouljusstreken út in frou.
14In ferkearde man is better as in frou dy’t har moai foardocht,
in frou dy’t jin te skande makket, docht jin ûneare oan.
Gods wysheid yn ’e natuer
15No wol ik jim de wurken fan ’e Hear yn it sin bringe,
wat ik sjoen haw, wol ik gewach fan meitsje.
16De sinne jout ljocht en sjocht oeral op del,
it wurk fan ’e Hear is fol fan syn gloarje.
17Oan syn ingels hat de Hear gjin frij jûn
om fan syn wûnderwurken gewach te meitsjen,
dy’t de Hear, de Almachtige, fêststeld hat,
dat alles yn syn hearlikheid syn bestân hawwe soe.
18De ôfgrûn en it minskehert kin Er bedjipje,
en wat dy betinke is Him bekend;
want de Allerheechste wit alles wat te witten is
en Hy nimt de tekens fan ’e tiid waar.
19Hy ferkundiget it ferline en de takomst
en leit de spoaren fan it ferburgene bleat.
20Gjin gedachte giet Him foarby,
net ien wurd ûntkomt Him.
21Hy hat de masterwurken fan syn wysheid op oarder brocht,
Hy dy’t fan ivichheid ta ivichheid is,
der kin neat oan Him ôf- of tadien wurde,
Hy hat der gjin ferlet fan dat ien Him rie jout.
22Want syn wurken binne allegearre in lust foar it each,
oan it lytste fonkje ta dat men sjen kin.
23Dat libbet allegearre en bliuwt foar altyd
elk mei syn eigen doel en alles harket nei Him.
24Alles giet by pearen, de iene foar de oare oer,
en Hy hat neat makke dêr’t wat oan mankeart.
25It iene ûnderstreket it goede fan it oare,
wa wurdt it oait sêd, syn gloarje te sjen?