1Ha se dy feestlieder makke? Lit dy der net op foarstean,
wês tusken de oaren as ien fan har,
soargje earst foar harren en gean dan sitten.
2Hast al dyn plichten waarnommen, fal dan del
en wês bliid om harren,
dan silst de priis krije foar goede manieren.
3Fier it wurd, âldman! want dat komt dy ta,
mar doch it mei kennis fan saken en praat net troch it spyljen hinne.
4Wurdt der wat opfierd, kom dan net mei in stream fan wurden
en ferkundigje dyn wysheid net op it ferkearde stuit.
5In segel fan karbonkelstien op in gouden sieraad,
sa is in konsert by in wynfeest.
6In segel fan smaragd op in gouden keunstwurk,
sa is de meldij fan ’e muzyk by goede wyn.
7Fier it wurd, jongfeint, as der ferlet fan is,
net faker as twa kear en allinne as it dy frege wurdt.
8Meitsje it koart, sis folle yn in bytsje wurden,
as ien dy’t it wit, en dochs swije kin.
9Gean net mei de hegerein om as wiest har gelikens
en gean net troch mei eameljen as der ien oan it wurd is.
10De wjerljocht fljocht de tonger foarút,
sa giet freonlikheid foar in beskieden minske út.
11Gean op ’e tiid oerein en bliuw net hingjen,
stap gau nei hûs sûnder om te stippen.
12Fermeitsje dy dêr en doch wêrst sin oan hast,
mar sûndigje net troch oerdwealsk praat.
13Priizje by al dy dingen dyn Skepper,
dy’t dij dronken makket mei al syn goede jeften.
Hâld de Hear foar eagen
14Dy’t de Hear foar eagen hâldt, nimt de tucht oan,
dy’t derfoar wekker lizze, steane by Him yn ’e geunst.
15Dy’t de wet ûndersiket, wurdt der mei sêde,
mar wa’t it gjin tinken is, stroffelt deroer.
16Dy’t de Hear foar eagen hâlde, fine út wat rjocht is,
se litte syn besluten skine as in lampe.
17In sûndich minske giet de bestraffing út ’e wei,
hy fynt wol in ferlechje om syn eigen sin te dwaan.
18In man mei oerlis wiist ferstannige wurden net ôf,
mar in heechmoedige frjemdling krûpt net yninoar fan benaudens.
19Doch neat sûnder oerlis,
dan sil it dy net muoie datst it dien hast.
20Gean net oer in hulterich paad
datst dy net stjitst oan ’e rotsgrûn.
21Wês ek op in sljocht paad foarsichtich
22en hâld dyn bern yn ’e rekken.
23Wêrst ek mei dwaande bist, fertrou op dysels,
want dat is ek in manier om de geboaden te hâlden.
24Dy’t op ’e wet fertrout, slacht de geboaden acht,
en dy’t op ’e Hear fertrout sil der gjin skea fan hawwe.