It foarbyld fan Abraham
1Wat sille wy dan sizze fan Abraham, ús stamfaar nei it bloed? Wat hat er derby wûn? 2As Abraham frijsprutsen wie troch wat er die, dan hied er reden hân om grutsk te wêzen. Mar dat hied er foar God oer net. 3Want wat seit de Skrift? Abraham hat yn God leaud en dat is him as gerjochtichheid oanrekkene. 4No wurdt oan ien dy’t wurk docht, syn lean net oanrekkene as in geunst, mar as wat dat er fertsjinne hat. 5As ien lykwols gjin wurk docht, mar leaut yn God dy’t de goddeleaze frijsprekt, dan wurdt syn leauwen him oanrekkene as gerjochtichheid. 6Lykas ek David it hat oer it lok fan ’e minske dy’t troch God frijsprutsen wurdt, los fan syn dieden:
7Wat in gelok foar de minsken waans misdieden ferjûn binne
en waans sûnden bedutsen binne.
8Wat in gelok foar de man wa’t de Heare de sûnden net oanrekkenet.
9Slacht dat lok (dêr’t David it oer hat), no allinne op ’e besnienen, of ek op ’e ûnbesnienen? Want wy sizze: Abrahams leauwen waard him oanrekkene as gerjochtichheid. 10Yn wat foar omstannichheden waard it him oanrekkene? Wie er doe besnien of noch net besnien? It wie net nei, mar foar syn besnijenis. 11Hy hat it teken fan ’e besnijenis krige as besegeling fan ’e gerjochtichheid dy’t er troch it leauwen krige hie, doe’t er noch net besnien wie. Sadwaande is hy de (geastlike) heit fan allegearre dy’t leauwe, al binne se net besnien. It is de bedoeling dat de gerjochtichheid harren oanrekkene wurdt. 12En hy is ek de heit fan harren dy’t besnien binne, dy’t net allinne de besnijenis hawwe, mar ek yn ’e fuotstappen geane fan it leauwen fan ús heit Abraham, dy’t al leaude ear’t er besnien wie.
De belofte komt nei troch it leauwen
13Abraham en syn ôfstammelingen krigen de belofte dat se de wrâld ervje soenen. Dy krigen se net troch har oan ’e wet te hâlden, mar troch de gerjochtichheid dy’t it leauwen meibringt. 14Want as sy dy’t it fan it neikommen fan ’e wet ferwachtsje, erfgenamten wurde soenen, dan soe it leauwen neat mear te betsjutten hawwe en Gods belofte sûnder wearde wêze. 15De wet ropt ommers Gods grime op; mar dêr’t gjin wet is, dêr kin men der ek net tsjin yngean. 16Dêrom berêst dy belofte, as in genedejefte fan God, op it leauwen. Sadwaande stiet dy belofte fêst foar elke ôfstammeling dy’t net allinnich út ’e wet, mar dy’t ek út it leauwen fan Abraham libbet. Want Abraham is de (geastlike) heit fan ús allegearre. 17Lykas beskreaun stiet: Ik haw dij heit fan gâns folken makke. Hy is ús heit yn ’e eagen fan God yn wa’t er leaud hat, as de God dy’t de deaden libben makket en wat net bestiet ta wêzen ropt. 18Abraham hat hope doe’t der neat mear te hoopjen foel en hat leaud. Sa is er heit fan gâns folken wurden, neffens wat der sein wie: sa machtich sille dyn ôfstammelingen wêze. 19Syn leauwen waard net minder, al seach er dat er te âld wurden wie om bern te krijen – hy rûn al nei de hûndert – en dat Sara gjin mem mear wurde koe. 20Oan Gods belofte hat er net twivele yn ûnleauwen, mar hy hat sterk stien yn it leauwen: hy hat God de eare jûn. 21Hy wie der folslein wis fan, dat God de tasizzing dy’t Er dien hie, ek neikomme koe. 22Dêrom is it him ek as gerjochtichheid oanrekkene.
23Mar net om him allinnich stiet der beskreaun: it waard him oanrekkene, 24nee, ek om ús dy’t it oanrekkene wurde sil, ús dy’t leauwe yn Him dy’t Jezus, ús Hear, út ’e deaden opwekke hat. 25Dy is oerlevere (oan ’e dea) om ús misslaggen en opwekke om ús frijspraak.