It rjochtfeardige oardiel fan God
1Oardielesto oer oaren? Dêrom kinsto dysels net skjinprate, do minske, wa’st ek wêze meist. Want wêrsto oaren om oardielest, dêr feroardielest dysels om. Do oardielest oer oaren mar dochst ommers sels krekt-en-gelyk. 2No witte wy dat God mei rjocht en reden de lju dy’t soks dogge, feroardielet. 3O minske, do dyst de lju dy’t soks dogge feroardielest, mar dat likegoed sels dochst, tochtsto no wier, datsto oan Gods oardiel ûntkomme soest? 4Of tinksto mar wat licht oer syn rike goedens, ynskiklikens en geduld? Fernimsto net dat God mei syn goedens jimme ta bekearing bringe wol? 5Mar yn dyn dôfhûdigens en hurdhertigens loegesto dy in heap grime op foar de dei dat God yn syn grime syn rjochtfeardich oardiel iepenbieret. 6Hy sil elk leanje nei syn dieden. 7Ivich libben sil Er jaan oan har dy’t troch oan te hâlden mei goeddwaan stribje nei gloarje, eare en ûnfergonklikens, 8mar grime en grammoedigens oan har dy’t harsels sykje en net nei de wierheid harkje wolle, mar wol nei de ûngerjochtichheid. 9Benearing en benaudens sil der komme oer alle minsken dy’t it kweade dogge, âlderearst oer de Joad, mar likegoed oer de Gryk. 10Mar gloarje, eare en frede oer elk dy’t it goede docht, âlderearst oer de Joad, mar likegoed oer de Gryk. 11Want God lûkt net ien foar.
12Allegearre ommers dy’t sûnder de wet fan Mozes sûndige hawwe, geane sûnder de wet ferlern en allegearre dy’t ûnder de wet sûndige hawwe, sille troch de wet feroardiele wurde. 13Want net de minsken dy’t de wet hearre, geane by God frij-út, mar dy’t har oan ’e wet hâlde, sille frijsprutsen wurde. 14Want as heidenen dy’t de wet net hawwe, út harsels dogge wat de wet seit, dan binne se harsels in wet, ek al hawwe se de wet net. 15Se litte sjen dat wat de wet wol, harren yn it herte skreaun stiet. Har eigen gewisse is dêr mei-getuge fan en har gedachten oer en wer beskuldigje harsels of sprekke harsels frij. 16Sa sil it gean op dy grutte dei, as, neffens it bliid boadskip dat ik bring, God troch Jezus Kristus oardielet oer alles dat de minsken yn it ferhoalene dien hawwe.
De Joaden en de wet
17Mar hoe sit it no mei dij? Do neamst dysels Joad, do betroust op ’e wet en giest grut op dyn God; 18do witst wat God fan dy wol, en hast út ’e wet leard om te ûnderskieden wêr’t it om giet; 19do nimst fan dysels oan, datst in paadwizer foar blinen bist, in ljocht foar har dy’t yn it tsjuster tahâlde, 20in opfieder fan ûnferstannigen, in learmaster foar lytse bern. Do hast ommers yn ’e wet de folsleine utering fan kennisse en wierheid? 21Ja, do learst oaren, mar learsto dysels neat? Do ferkundigest dat men net stelle mei, en stelsto sels dan al? 22Do seist dat men net troubrekke mei, en breksto sels de trou al? Do hast in ôfgriis fan ôfgodsbylden en plondersto sels de timpel al? 23Do giest der grut op datst Gods wet hast, mar makkest God te skande troch tsjin ’e wet yn te gean? 24Want Gods namme wurdt – sa’t beskreaun stiet – troch jimme skuld ûnder de heidenen lastere.
25Do hast wat oan ’e besnijenis, asto dy oan ’e wet hâldst. Mar asto tsjin ’e wet yngiest, dan komt dat op ’t selde del as wiest net besnien. 26As no de ûnbesnienen har oan ’e foarskriften fan ’e wet hâlde, sil God har it net-besnien-wêzen dan net as besnijenis oanrekkenje? 27En de lju dy’t fan hûs út net besnien binne, sille – trochdat se dogge wat de wet wol – rjochter wêze oer dij dy’t tsjin ’e wet yngiest, al hast dan de wet op skrift en al bisto besnien. 28Joad is net hy dy’t it nei it uterlik is, en de besnijenis is net wat uterlik en oan it lichem dien wurdt. 29Mar Joad is hy dy’t it inerlik is en de wiere besnijenis, dat is dy fan it hert troch de Geast, net neffens de letter fan ’e wet. Sa’n ien sil net troch minsken, mar troch God prize wurde.