Skriuwers, lêzers, groetenis
1Fan Paulus, tsjinstfeint fan Kristus Jezus en roppen apostel, útkard om Gods bliid boadskip te bringen, 2dat Er troch syn profeten al yn ’t foar tasein hie yn ’e hillige Skriften. 3– Dat boadskip giet oer syn Soan, dy’t as minske fan David ôfstammet, 4mar dy’t neffens de hillige Geast, oanwiisd is as Soan fan God yn al syn macht troch syn ferrizenis út ’e deaden: Hy, Jezus Kristus, ús Hear. 5Troch Him hawwe wy it foarrjocht fan it apostelskip krige, dat ta eare fan syn namme minsken út alle folken ta hearrigens oan it leauwen komme meie. 6Dêr hearre jimme ek by, jimme dy’t roppen binne om Jezus Kristus sines te wêzen. 7Oan alle minsken yn Rome, dy’t God leaf hat en dy’t Er roppen hat om hillich te wêzen: Genede en frede mei jimme jûn wurde fan God ús Heit en fan de Hear Jezus Kristus.
Paulus’ langst om nei Rome te reizgjen
8Alderearst tankje ik myn God troch Jezus Kristus foar jimme allegearre, want yn ’e hiele wrâld hawwe se it oer jimme leauwen. 9God, dy’t ik mei myn hiele hert tsjinje troch it bliid boadskip oer syn Soan te bringen, kin der foar ynstean, dat ik sûnder ophâlden oan jimme tink, 10en altiten foar jim bid. Ik bliuw freegjende, oft it my einlings dochs slagje mei om, as God it wol, by jimme te kommen. 11Want ik soe sa graach mei jimme yn ’e kunde komme wolle om jimme diele te litten yn ien of oare geastlike jefte en sadwaande sterk te meitsjen, 12of leaver: om, as ik yn jimme fermidden bin, mei-inoar fertreaste te wurden troch inoars leauwen, ik troch jimmes, jimme troch mines. 13No wol ik net, bruorren, dat jimme der ûnkundich fan bliuwe sille, dat ik wit-hoe-faak fan doel west haw om jimme op te sykjen. Mar oant no ta kaam der iderkear wat tusken. Ik hope ûnder jimme mei frucht arbeidzje te kinnen lykas ûnder de oare heidenfolken. 14Ik haw ferplichtings oan Griken èn net-Griken, oan lju mei en sûnder ûntwikkeling. 15Dêrom wol ik sa graach ek jimme yn Rome it bliid boadskip bringe.
De macht fan it bliid boadskip
16Want ik kom net beskamme wei mei it bliid boadskip. It is in krêft fan God ta behâld fan in elk dy’t leaut, âlderearst de Joad, mar dan ek de Gryk. 17Want it iepenbieret hoe’t in minske foar God frij-út giet: fan begjin ta ein allinnich troch leauwen, sa’t beskreaun stiet: De rjochtfeardige sil libje troch syn leauwen.
De skuld fan it minskdom
18Want Gods grime iepenbieret him út ’e himel wei oer alle goddeleazens en ûngerjochtigens fan minsken hinne, dy’t mei har ûngerjochtigens de wierheid dêrûnder hâlde. 19Ommers, wat minsken fan God witte kinne, is ûnder harren dúdlik: God sels hat it har dúdlik makke. 20Wat wy fan God net sjen kinne wurdt sûnt de skepping fan ’e wrâld mei de eagen fan it ferstân sjoen oan syn wurken: syn ivige macht en godlikens. Se kinne harsels dus net skjinprate. 21Want se witte fan God, mar se hawwe Him net as God eare of tank brocht. Krektoarsom binne se yn har prakkesaasjes ferfallen ta dingen fan neat en har ûnferstanich herte is fertsjustere. 22Se joegen har út foar wizen, mar se binne dwazen wurden. 23En se hawwe de gloarje fan ’e ûnfergonklike God ferruile foar bylden yn ’e foarm fan in fergonklik minske en fan fûgels, fjouwerfuottige en krûpende dieren.
24Dêrom hat God har sa oerlevere oan ’e smoarge begearten fan har herte, dat se har eigen lichem ûntearje. 25Se hawwe de wiere God ferruile foar de leagengoaden en hawwe wat God skepen hat, fereare en tsjinne ynpleats fan de Skepper sels, dy’t heech te priizjen is oant yn ivichheid. Amen. 26Dêrom hat God har oerlevere oan skandelike hertstochten, want har froulju hawwe de natuerlike omgong fan ’e geslachten ferruile foar dy tsjin ’e natuer. 27Krekt sa hawwe de manlju de natuerlike omgong mei froulju oerjûn en binne no gleon fan begearte nei elkoar. Sa slane manlju op in skandlike wize mei-inoar om en krije dêrmei yn harsels it fertsjinne lean foar har ôfdwaling.
28Om’t se it fersmiten hawwe God langer te erkennen, hat God har oerlevere oan har eigen ideeën dy’t ta weismiten keard binne, om dingen te dwaan dy’t gjin foech jouwe. 29Se sitte fol fan alderhande ûngerjochtigens, minnens, ynklauwerigens en ferkeardens, se binne smoarfol oergeunst, moardsucht, tsierderij, bedragerij en gemienens. It binne rabbelskûten 30en lastertongen, haters fan God, dy’t har neat fan Him oanlûke, brutale opskeppers, se fine alderhanne kwea út en jouwe net om it sizzen fan har âlden. 31Se brûke har ferstân net, binne ûnbetrouber, kenne gjin leafde en gjin begrutsjen. 32Se kenne skoan Gods oardiel, dat seit, dat wa’t sokke dingen dogge, de dea fertsjinne hawwe. En dochs dogge se dy net allinne sels, mar se bejubelje ek noch oaren dy’t se dogge.