De fal fan Babylon wurdt oankundige
1Dêrnei seach ik in oare ingel út ’e himel delkommen, ien mei sa’n grutte macht, dat de ierde striele fan syn hearlikheid. 2Dy rôp út alle macht:
Fallen, fallen is it grutte Babylon,
it is in wenplak wurden foar kweageasten
en in hoale foar alderlei ûnreine geasten
en in hoale foar alderlei ûnreine en ferspuide fûgels,
3want fan ’e wyn fan har hertstochtlike huorkerij hawwe alle folken dronken
en de keningen fan ’e ierde hawwe mei har huorke,
en de keaplju fan ’e ierde binne ryk wurden oan har ûnberoaide weelde.
4Doe hearde ik in oare stimme út ’e himel wei dy’t rôp:
Gean út har wei, myn folk,
oars wurde jimme mandélich oan har sûnden
en krije jimme part mei fan har pleagen;
5want har sûnden rikke oan ’e himel ta,
en God hat wol om har ûngerjochtichheden tocht.
6Betelje har mei har eigen munt werom;
ja, jou har dûbeld en dwers werom wat se dien hat;
meitsje in dûbeld sa sterke poarsje foar har klear
yn ’e selde beker dêr’t se de drank foar jimme yn klearmakke hat;
7jou har likefolle lijen en ellinde as se harsels earbiwizen en weelde gund hat.
Want yn har hert seit se:
Ik troanje as keninginne,
ik bin gjin widdo
en ik sil fan gjin rouwe witte.
8Dêrom sille har pleagen op ien-en-deselde dei oer har komme: pest,
rouwe en honger,
ja se sil troch fjoer fertard wurde;
want sterk is God de Hear, dy’t har feroardiele hat.
De freonen fan Babylon kleie, de himel jubelet
9De keningen fan ’e ierde, dy’t mei har huorke en yn weelde libbe hawwe, sille om har gûle en harsels op it boarst slaan as se har brânen en rikjen sjogge. 10Se sille omfierrens stean bliuwe, út benaudens foar it lijen dat oer dy stêd komt, en roppe:
Wee, wee do grutte stêd,
Babylon, do sterke stêd,
want yn ien oere is dyn oardiel útfierd.
11Ek de keaplju fan ’e ierde krite en kleie om har, omdat net ien har skipslading mear keapet, 12skipslading oan goud, sulver, kostbere stiennen en pearels, oan fyn linnen en poarper, side en skarlekken, oan alderlei swietrokich hout en alderlei ivoaren ark en alderlei ark fan it kostberste hout en fan koper, izer en marmer, 13oan kaniel en amomus, oan rûkersguod, mirre en wijreek, oan wyn en oalje en blom en weet, oan kij en skiep, hynders en weinen, slaven en lijfeigenen. 14De fruchten dêr’t dyn begearen nei útgong, binne dy ûntkommen en alle kostbere en prachtige dingen bist kwytrekke, se binne nearne mear te finen. 15Dy’t yn dy dingen hannelen en oan har ryk wurden binne, sille út benaudens foar har lijen omfierrens stean bliuwe te gûlen en te roujen: 16Wee, wee, dy grutte stêd, klaaid yn fyn linnen, poarper en skarlekken, behinge mei goud, juwielen en pearels, 17want al har rykdom waard yn ien oere ferneatige. Alle stjoerlju, alle kustfarders en matroazen en dy’t har brea op see fertsjinje, bleauwen omfierrens stean 18en rôpen, doe’t se har brânen en rikjen seagen: Wat foar stêd koe dy grutte stêd belykje? 19En se struiden harsels stof op ’e holle en rôpen al skriemend en gûlend: Wee, wee, de grutte stêd, dêr’t allegearre dy’t skippen op see hienen ryk wurden binne troch har skatten, want yn ien oere is se ûntfolke. 20Wês bliid om har, himel, hilligen, apostels en profeten, want God hat har feroardiele yn ’e rjochtsaak dy’t jimme mei har hienen.
De fal fan Babylon
21Doe tilde in sterke ingel in stien op as in grouwe mûnestien en keilde dy yn ’e see mei de wurden: Sa sil de grutte stêd Babylon ek mei geweld delkeild wurde, en hja sil nearne mear te finen wêze. 22It lûd fan harpspylders, muzikanten, skalmeiblazers en trompetters sil yn dy net mear heard wurde, en gjin hantwurksman, fan watfoar fak dan ek, sil yn dy mear te finen wêze; it lûd fan in mûne sil yn dy net mear heard wurde, 23it ljocht fan in lampe sil noait mear yn dy skine, en de stimmen fan breugeman en breid sille noait mear yn dy heard wurde. Want dyn keaplju wienen de grutte lju fan ’e ierde, en troch dyn tsjoenderij binne alle folken op ’e doele brocht, 24ja yn dy stêd lei it bloed fan profeten en hilligen en fan allegearre dy’t op ’e ierde deastutsen binne.