De sân pleagen
1Doe hearde ik in lûde stimme út ’e timpel en dy rôp de ingels ta: Gean hinne en jit de sân skalen fan Gods grime leech op ’e ierde.
2De earste gong hinne en geat syn skaal leech op it lân; en de minsken dy’t it merk fan it beest droegen en dy’t syn byld ferearen, krigen slimme en kwea-aardige swolms.
3De twadde geat syn skaal leech yn ’e see, dy feroare yn bloed as wie der ien fermoarde, en alle libbene wêzens yn ’e see gongen dea.
4De tredde geat syn skaal leech yn ’e rivieren en yn ’e wetterboarnen; dy feroaren ek yn bloed.
5Doe hearde ik de ingel fan ’e wetters sizzen: Jo binne rjochtfeardich, o Hillige, dy’t binne en dy’t wienen, dat Jo dit fonnis útsprutsen hawwe, 6want se hawwe bloed fan hilligen en profeten fergetten, en no hawwe Jo harren sels ek bloed te drinken jûn; dat is har fertsjinne lean.
7En ik hearde it alter sizzen: Jawis, Hear, almachtige God, jo fonnissen binne earlik en rjochtfeardich.
8Doe geat de fjirde ingel syn skaal leech op ’e sinne; en dy mocht de minsken mei fjoer ferskroeie. 9Doe ferskroeiden de minsken fan ’e fûle hjitte, en hja lasteren de namme fan de God dy’t sizzenskip hat oer dy pleagen; se bekearden har net, dat se Him de eare joegen.
10De fyfte geat syn skaal leech op ’e troane fan it beest; doe waard dy syn keninkryk fertsjustere, en se bieten harsels op ’e tonge fan ’e pine; 11se lasteren de God fan ’e himel om har pine en om har swolms, mar se feroaren har libben net.
12De sechste ingel geat syn skaal leech yn ’e grutte rivier de Eufraat; it wetter dêrfan droege op, om it paad klear te meitsjen foar de keningen út it easten.
13Doe seach ik út ’e bek fan ’e draak en út ’e bek fan it beest en út ’e mûle fan ’e falske profeet trije ûnreine geasten kommen, dy’t op kikkerts liken; 14want it binne kweageasten dy’t wûnders dogge, dy’t derop útgeane nei de keningen fan ’e hiele wrâld, om se byinoar te bringen foar de oarloch op ’e grutte Dei fan ’e almachtige God.
15Tink derom, Ik kom as in dief; wat in gelok foar him dy’t wekker en yn ’e klean bliuwt, dat er net neaken hoecht te rinnen en dat de minsken syn skamte net sjogge! 16Doe brochten se harren byinoar op it plak dat yn it Hebrieusk Harmagedon hjit.
17En de sânde ingel geat syn skaal leech yn ’e loft; doe kaam der in lûde stimme út ’e timpel, by de troane wei, en dy rôp: It is dien. 18En it begûn te wjerljochtsjen en lûd te tongerjen, en der kaam in swiere ierdbeving, sa’t der noch noait west hat sûnt de minske op ierde is; sa’n grutte ierdbeving en sa’n swieren wie dat. 19De grutte stêd foel yn trije stikken, en de stêden fan ’e heidenfolken stoarten yn. En God hat it grutte Babylon net fergetten, Hy liet it de wynbeker fan syn gleone grime drinke. 20Alle eilannen waarden wei, en bergen wienen der net mear te finen. 21En grutte hagelstiennen, wol fyftich pûn swier, kamen út ’e himel wei op ’e minsken del; en de minsken lasteren God om de hagelpleach, want dy pleach wie tige slim.