It Laam en syn gemeente
1Doe seach ik yn myn fizioen it Laam op ’e berch Sion stean, en der stienen 144.000 minsken by Him; harren stie syn namme en de namme fan syn Heit op ’e foarholle skreaun. 2En ik hearde in lûd út ’e himel as fan mânske wetterfloeden en as it bolderjen fan swiere tonger. It lûd dat ik hearde, hie fan ’e muzyk fan harpspylders dy’t op har ynstruminten spylje. 3Hja songen in nij liet foar de troane en foar de fjouwer libbene wêzens en de âldsten; net ien koe dat liet leare, oars net as de 144.000 dy’t frijkocht binne fan ’e ierde. 4Dat binne hja dy’t har net troch omgong mei froulju besmoarge hawwe; want hja binne suver. Dat binne hja dy’t it Laam folgje, wêr’t it ek hinne giet. Dy binne út ’e minsken frijkocht as in earstlingsjefte foar God en foar it Laam; 5yn har mûle wie gjin spoar fan leagen te finen, hja binne sûnder lek of brek.
Trije ingels sizze it oardiel oan
6Doe seach ik in oare ingel heech oan ’e himel fleanen, dy hie in ivich evangeelje, om dat te ferkundigjen oan har dy’t op ’e ierde tahâlde, oan alle naasjes, stammen en folken fan alderhanne taal. 7Hy rôp lûd: Freezje God en jou Him eare, want de tiid is kommen dat Hy rjochtdei hâlde sil; oanbid de Skepper fan himel en lân en see en fan ’e wetterboarnen.
8Doe kaam der noch in twadde ingel achter oan, dy sei: Fallen, fallen is it grutte Babylon, dat alle folken drinke litten hat fan ’e wyn fan har hertstochtlike huorkerij.
9Der kaam noch in tredde ingel achter harren oan en dy rôp lud: Wa’t it beest en syn byld oanbidt, en him it merk op ’e foarholle of op ’e hân sette lit, 10sil sels ek drinke fan ’e wyn fan Gods grime, dy’t ûnfertinne yngetten is yn ’e beker fan syn grime, en hy sil mei fjoer en swevel pinige wurde foar de eagen fan ’e hillige ingels en fan it Laam. 11De reek fan har piniging stiicht yn alle ivichheid omheech. Der is nacht en dei gjin rêst foar de oanbidders fan it beest en syn byld, en foar wa’t har it merk fan syn namme jaan litten hawwe.
12Hjir komt it oan op it úthâlden fan ’e hilligen, dy’t har oan Gods geboaden hâlde en Jezus trou bliuwe. 13Doe hearde ik in stimme út ’e himel dy’t sei: Skriuw op: Gelokkich binne tenei de deaden dy’t yn ’e Hear stjerre. Jawis, seit de Geast, want se sille útrêste fan har bodzjen; want al har wurk giet mei har.
De rispinge fan nôt en fan druven
14Doe kaam der yn myn fizioen in wite wolk oan, en dêr siet ien op, dy’t op in minskesoan like, mei in goudene kroane op ’e holle en mei in skerpe sichte yn ’e hân; 15der kaam in oare ingel út ’e timpel, en dy rôp lûd tsjin Him dy’t op ’e wolk siet: Slach dyn sichte deryn en sichtsje, want de tiid om te sichtsjen is kommen; de frucht fan ’e ierde is mear as ryp. 16Doe sloech Hy dy’t op ’e wolk siet syn sichte deryn op ’e ierde, en de ierde waard sichte.
17Noch in oare ingel kaam út de himelske timpel, en ek dy hie in skerpe sichte. 18Noch wer in oare ingel kaam by it alter wei, dy gong oer it fjoer; dy rôp lûd tsjin de oare dy’t de skerpe sichte hie: Slach dyn skerpe sichte deryn en helje de druven yn fan de druvebeam dy’t de ierde is, want syn wyndruven binne ryp. 19Doe sloech de ingel syn sichte deryn op ’e ierde, en hy helle de frucht yn fan ’e druvebeam dy’t de ierde is, en smiet dy yn ’e grutte wynparse fan Gods grime. 20Dy wynparse waard trape bûten de stêd, en der kaam sa’n bloed út ’e parse dat it stie oan ’e hynsteteammen ta, sechstjinhûndert staadzjes fier.