Lof oan de Heare
1In psalm.
Sjong de Heare in nij liet,
want Hy hat wûnders dien.
Syn rjochterhân hat Him heil brocht,
syn hillige earm oerwinning.
2De Heare hat syn heil bekend makke,
oan ’e folken sjen litten hoe’t Er helpt.
3Mei syn geunst en trou
hat Er it hûs fan Israel betocht;
alle ierdryks einen koenen
it heil fan ús God sjen.
4Jûchje de Heare ta, do hiele ierde,
jûchje, jubelje en sjong psalmen.
5Sjong de Heare psalmen by de liere,
by de liere mei lûd gesang.
6By it lûd fan trompet en rammehoarn,
jûchje foar de Heare, de kening.
7Lit de see brûzje mei wat deryn is,
de ierde mei wat derop wennet.
8Lit de rivieren yn ’e hannen klappe,
de bergen mei-inoar jubelje
9foar de Heare, want Hy komt
om de ierde te fonnisjen.
10Hy sil it ierdryk rjochtfeardich fonnisje
en de folken alhiel neffens rjocht.