De God fan de folken
1Sjong foar de Heare in nij liet,
sjong foar de Heare, do hiele ierde.
2Sjong foar de Heare, priizje syn namme,
ferkundigje dei oan dei syn heil.
3Ferhelje de heidenfolken syn gloarje,
alle naasjes syn wûnderdieden.
4Want grut is de Heare en heech te priizjen,
ûntsachlik is Hy boppe alle goaden.
5Want de goaden fan ’e folken binne dingen-fan-neat,
it is de Heare dy’t de himel makke hat.
6Glâns en gloarje geane foar Him út,
macht en pracht binne yn syn hillichdom.
7Bring dan de Heare, stagen fan folken,
bring dan de Heare eare en gloarje,
8bring dan de Heare de eare dy’t Him takomt,
kom mei offerjeften yn syn foarhôven.
9Bûch jim foar de Heare yn hillige feestklean,
beevje foar Him, do hiele ierde.
10Sis tsjin de heidenfolken: De Heare is kening.
Hy hat de ierde fêstset, hja wifket net.
Hy rjochtet de folken alhiel neffens rjocht.
11De himel is bliid, no makket de ierde wille,
no brûzet de see mei al wat deryn is,
12no jubelt it fjild mei al wat der libbet
en bliid sjonge de beammen yn ’e bosk
13foar de Heare, want Hy komt,
Hy komt om de ierde te fonnisjen;
Hy sil de ierde rjochtfeardich fonnisje,
en alle folken neffens syn trou.