Lof oan de Heare
1Kom, lit ús de Heare tajubelje,
jûchje foar de rots dy’t ús rêdt.
2Lit ús mei in lofsang foar Him stean gean,
mei psalmen foar Him jûchje.
3Want in grut God is de Heare,
in grut kening oer alle goaden.
4Yn syn hân binne de djipten fan ’e ierde,
fan Him binne de toppen fan ’e bergen.
5De see is fan Him, Hy hat dy makke;
de fêste wâl, syn hannen hawwe dy foarme.
6Kom, lit ús delfalle en bûge,
knibbelje foar de Heare, dy’t ús makke hat.
7Hy is ommers ús God
en wy binne it folk, dat Er hoedet,
de keppel, dêr’t syn hân oer giet.
Och, woenen jim hjoed noch harkje nei syn stim!
8Ferhurdzje jimme net lykas by Meriba,
as destiids by Massa yn ’e wyldernis,
9dêr’t jimme foarfaars My hifken
en fergen, hoewol’t hja myn wurk seagen.
10Fjirtich jier haw Ik fan dat geslacht walge.
Ik sei: It hert fan dat folk is op ’e doele,
se wolle fan myn wegen net mear witte.
11Dêrom haw ik yn myn grime sward:
By My sille se gjin rêst fine!