Psalmen 93
De Heare is kening
1De Heare is kening, klaaid mei majesteit,
de Heare hat himsels klaaid en útrist mei macht.
Hy hat de ierde fêstset, dat hja net wifket.
2Jo troan stiet fêst fan ’e âldste tiden ôf
en Josels hawwe der fan ’e ivichheid ôf west.
3De streamen hawwe, o Heare,
de streamen hawwe har lûd útset,
de streamen sette wer har brûzjen út,
4mar heech boppe it bolderjen fan it wetter,
boppe de machtige brâning fan de see,
is de Heare geweldich yn ’e hichte.
5Jo beloften binne troch en troch betrouber,
hillichheid past by jo hûs,
salang as der dagen binne, Heare.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap