Harkje, hoeder fan Israel!
1Foar de dirigint. Op: Leeljes. In tsjûgenis fan Asaf. In psalm.
2Harkje, Hoeder fan Israel,
Jo, dy’t Joazefs folk driuwe as in keppel skiep,
Jo, dy’t de kearûb-ingels as troan hawwe,
kom strieljend tefoaren
3foar Efraïm, Benjamin en Manasse,
lit jo heldekrêft wekker wurde
en kom om ús te rêden.
4Help ús oerein, o God,
lit jo antlit ljochtsje,
dat wy rêden wurde.
5Heare Almachtich, oant hoelang baarnt jo grime,
wylst jo folk dochs biddende is?
6Jo joegen har triennebrea te iten,
Jo lieten har triennen drinke by ’t amerfol.
7Jo lieten de buorfolken om ús skodholje
en ús fijannen sloegen de spot mei ús.
8God Almachtich, help ús oerein,
lit jo antlit ljochtsje,
dat wy rêden wurde.
9In wynstôk hawwe Jo út Egypte losskuord,
folken hawwe Jo ferdreaun om him te plantsjen.
10Foar him hawwe Jo romte makke,
dat er djip woartel skeat
en it lân alhiel besloech.
11Bergen rekken dutsen ûnder syn skaad,
reuzeseders ûnder syn twigen.
12Hy rikte mei syn ranken oan ’e see ta,
mei syn útrinders oant de Rivier.
13Wêrom ha Jo syn muorren tebrutsen
en hoe kin elk dy’t foarby komt, him mar plôkje?
14Wêrom frette de wâldswinen him op
en gnauwe wylde bisten him ôf?
15God Almachtich, kom dochs werom,
skôgje del fan ’e himel en sjoch,
sykje dy wynstôk wer op,
16dy stamme dy’t jo rjochterhân plante hat,
de soan dy’t Jo opbrocht hawwe.
17Dy’t him as ôffal mei fjoer ferbaarnd hawwe,
lit dy troch it driigjen fan jo antlit fergean.
18Mei jo hân rêste op ’e man oan jo rjochterhân,
op it minskebern, dat Jo opbrocht hawwe.
19Dan sille wy fan Jo net ôfwike.
Jou ús it libben, dat wy jo namme oanroppe kinne.
20Heare Almachtich,
help ús oerein,
lit jo antlit ljochtsje,
dat wy rêden wurde.