It riedsel fan Israels skiednis
1In keunstich liet. Fan Asaf.
Harkje, myn folk, nei myn learing,
set de earen iepen foar de wurden fan myn mûle.
2Ik wol de mûle iepen dwaan foar in riedselspreuk,
ik wol riedsels opjaan fan de foartiid.
3Wat wy heard en fernommen hawwe,
wat de foarfaars ús ferhelle hawwe,
4dat wolle wy foar har bern net ferswije,
wy ferhelje it oan it kommend geslacht:
de romrofte dieden en de macht fan de Heare,
de wûnders dy’t Er dien hat.
5Hy hat oan Jakob in rjochtsregel jûn
en stelde yn Israel in wet.
Hy hat ús foarfaars opdroegen
om it har bern bekend te meitsjen,
6dat it kommend geslacht der weet fan krige,
de soannen dy’t har berne wurde soenen,
en dy moasten it dan wer oerbringe oan har bern.
7Sa soenen se har fertrouwen op God stelle
en Gods grutte dieden net ferjitte,
mar syn geboaden hâlde.
8Sa soenen se net wurde as har foarfaars,
in rebelsk en dwers slach folk,
in skaai mei in wifsinnich hert,
waans geast net trou wie oan God.
9De Efraïmiten, dy tûke sjitters,
setten de deis fan ’e oanfal de flecht.
10Sy hawwe har net oan Gods ferbûn hâlden
en wegeren neffens syn wil te dwaan.
11Se fergeaten syn dieden
en de wûnders dy’t Er har sjen litten hie.
12Foar de eagen fan har foarfaars hie Er wûnders dien
yn it lân fan Egypte en Soän.
13Hy spjalte de see en brocht har dertroch,
it wetter sette Er as in muorre oerein.
14Hy late har mei de wolk oerdeis,
mei in fjoerskynsel de hiele nacht.
15Hy spjalte rotsen yn de woestine
en joech har de romte fan wetter.
16Ut stiennen liet Er beken rinne
en wetter liet Er streame as rivieren.
17Hja hâlden net op mei tsjin Him te sûndigjen,
de Heechste te ferbitterjen yn ’e woestyn.
18Yn har hert fergen se God
troch iten te easkjen nei har begear
19en tsjin God op te sprekken: Soe God dat kinne,
in tafel reeskikke yn ’e woestyn?
20Hy hat de rots wol slein, dat it wetter streamde
en dat der beekjes begûnen te brûzen,
mar is Er by steat om brea te jaan
of syn folk fleis foar te setten?
21Doe’t de Heare dat hearde, baarnde syn grime,
syn fjoer lôge op tsjin Jakob,
syn grime stiek op tsjin Israel,
22omdat se net op God betrouden,
it net op syn útrêding oankomme lieten.
23Lykwols gebea Er it swurk dêrboppe
en de himeldoarren die Er iepen ...
24Hy liet it manna op har delreine ta iten
en joech har brea út ’e himel.
25It brea foar de ingels ieten de minsken,
Hy joech it har, mear as sêd.
26De eastewyn liet Er los út ’e himel,
de sudewyn dreau Er oan mei krêft.
27As stof liet Er fleis op har reine,
wjukkeljende fûgels as sân fan ’e seewal.
28Hy liet se delkomme midden yn har leger
oeral om har tinten hinne.
29Doe ieten se har mear as sêd;
Hy brocht har wat se begearden.
30Noch mar amper wienen har begearten foldien,
– se hienen it iten noch yn ’e mûle –
31of Gods grime kaam tsjin har omheech.
Guon fan har sterksten die Er de dea
en jongfolk fan Israel sloech Er del.
32Mei dat al sûndigen se noch mar wer
en leauden syn wûnderdieden net.
33Leech liet Er har dagen foarbygean,
har jierren yn bangens en ûnrêst.
34As Er har sloech, dan sochten se Him;
se kearden har om en fregen nei God.
35Se tochten oan God, har rots,
God, de Heechste, har Ferlosser...
36Mei har mûle lykwols bedroegen se Him
en mei har tonge ferrifelen se Him.
37Net fan herten bleauwen se Him tagedien,
se hâlden har net oan syn ferbûn.
38Dochs begrutte it Him en Hy skonk har de skuld,
Hy ferdylge har net
en bedimme al mar wer syn grime,
syn folle lilkens liet Er net lôgje.
39Hy betocht dat it mar skepsels wienen,
lykas in sucht, dy’t giet en net wer komt.
40Hoe faak ferbitteren se Him net yn ’e woestyn,
fergen se Him net yn ’e wyldernis!
41Al mar wer dagen se God út
en kamen de Hillige fan Israel te nei.
42Se tochten net mear oan syn macht,
oan ’e dei, dat Er har frijkocht fan ’e fijân,
43doe’t Er yn Egypte syn tekens die,
syn wûnders yn it fjild fan Soän.
44De rivieren dêr feroare Er yn bloed,
de streamen, dat se net mear drinke koenen.
45Brimzen stjoerde Er, dy’t har stieken,
en kikkerts, dy’t har alles bedoaren.
46Har gewaaks joech Er oer oan ’e kealfretter,
har gemaak oan ’e sprinkhoannen.
47De wyndrúf fernielde Er mei hagel,
de moerbei troch de rypkjeld.
48Har fee levere Hy út oan ’e hagel,
har bisten oan it himelfjoer.
49Syn grime liet Er op har los,
syn ferwoedenens, lilkens en ûnheil,
in rige fan ûngeloksboaden.
50Syn grime joech Er frij bod,
har libben sparre Er net foar de dea,
mar Hy joech it priis oan ’e pest:
51Al it earstberne yn Egypte sloech Er,
de earsten fan ’e jongerein yn Chams tinten.
52Sa hie Er syn folk útlaat as skiep,
as in keppel har fierd troch de wyldernis.
53Hy joech har wisse lieding
en bang hoegden se net te wêzen,
want de see hie har fijannen bedutsen.
54Hy brocht har nei syn hillich gebiet,
nei de berch dy’t syn rjochterhân wûn hie.
55Folken jage Er foar har út,
mei in mjitsnoer ferdielde Er har besit
en liet Israels stammen yn har tinten wenje.
56Hja lykwols fergen en ferbitteren God, de Heechste,
en steurden har net oan syn rjochtsregels.
57Hja waarden ôffallich en dwers as har foarfaars
en wegeren lykas in bôge dy’t net doocht.
58Hja tergen Him mei har offerhichten
en nitelen Him mei har ôfgodsbylden.
59Doe’t God dat fernaam, waard Er fergrime
en stjitte Israel fier fan Him ôf.
60De tintwenning fan Sjilo woe Er neat mear fan witte,
dy tinte dêr’t Er ûnder minsken wenne.
61It bewiis fan syn macht liet Er fuortfiere,
it teken fan syn eare joech Er de fijân yn hannen.
62Syn folk levere Hy út oan it swurd
en tsjin syn erfdiel wied Er fergrime.
63It fjoer fertarde har jongfeinten
en har jongfammen waarden net besongen.
64Har prysters foelen troch it swurd
en har widdowen waard it weekleien ferbean.
65Doe waard de Heare wekker as út ’e sliep,
lykas in held, dy’t oerein komt út ’e sûs.
66Hy sloech syn fijannen fan achteren,
en in ivige skande joech Er har mei.
67Doe ferwurp Er de tinte fan Joazef,
de stamme fan Efraïm naam Er net foar kar.
68Hy hâlde it mei de stamme fan Juda
en mei de berch Sion, dy’t Er leaf hie.
69Heech boude Er syn hillichdom as de himel
en fêst as de ierde, dy’t Er foar altyd grûndearre.
70David keas Er as syn tsjinstfeint,
by de skieppeskuorren helle Er him wei.
71Hy liet him achter de skiep weikomme
om hoeder fan syn folk Jakob te wurden,
fan Israel, syn eigendom.
72Dy hat har weide mei in tagedien hert
en har laat mei in kundige hân.