Is God net mear deselde?
1Foar de dirigint. Neffens Jedûtûn. Foar Asaf. In psalm.
2Ik rop lûd om God, ik skreau it út,
ik rop lûd om God, dat Er my hearre mei.
3Deis, as ik benaud bin, sykje ik om God,
en nachts is myn hân útstutsen en wurdt net wurch,
myn siel wol fan gjin treast witte.
4Tink ik oan God, dan kreun ik it út,
by it neitinken kwyn ik wei.sela
5Jo hâlde my út ’e sliep,
ik bin oerstjoer en kin neat sizze.
6Ik tocht oan ’e dagen fan alear,
oan lang ferfleine jierren.
7It kaam my nachts wer yn it sin,
ik mimere en myn geast gong it nei:
8Soe God foar altyd ferstjitte
en noait wer goedgeunstich wêze?
9Soe syn genede foargoed foarby wêze
en is syn belofte oan alle geslachten ferbrutsen?
10Soe God it erbarmjen ferjitte,
hat Er yn grime it begrutsjen ôfsletten?
11Ik sei: It docht my sear,
dat de rjochterhân fan ’e Heechste feroare is.
12Dochs wol ik de dieden fan ’e Heare betinke,
ik wol tinke oan jo wûnders fan alear.
13Al jo dwaan lit ik yn my omgean,
oer jo grutte dieden mimerje ik nei.
14O God, Jo geane jo wei yn hillichheid,
hokfoar God is sa grut as God?
15Jo binne de God dy’t wûnders docht,
Jo hawwe de folken jo macht fiele litten.
16Jo hawwe mei krêft jo folk ferlost,
de soannen fan Jakob en Joazef.
17Doe ’t de wetters Jo seagen, God,
doe’t de wetters Jo seagen, waarden se kjel,
ek de oerstreamen skrillen derfan.
18De wolken geaten har wetter út,
de tonger boldere yn it swurk
en jo pylken fleagen wit-wêrsanne.
19Bolderjend rôle jo tonger,
de wjerljocht sette de ierde yn it ljocht,
de ierde skodde en beve.
20Jo wei gong troch de see,
jo paad troch djippe wetters,
jo fuotprinten wie gjin spoar fan te finen.
21Jo fierden jo folk as in keppel skiep
troch de hân fan Mozes en Aäron.