God hat it te sizzen
1Foar de dirigint. Op: Bedjer it net. In psalm fan Asaf. In liet.
2Lof bringe wy Jo, o God, lof bringe wy.
Dy’t jo namme oanroppe, fertelle jo wûnders.
3As Ik de tiid derfoar steld haw (seit God),
sil Ik rjochtsprekke sa’t it heart.
4Al wifket de ierde mei al har bewenners,
Ik haw har pylders fêstset.
5Tsjin de dwazen sei ik: Wês net sa dwaas,
tsjin ’e ferkearden: Set it krop net sa heech,
6set it krop net sa himelheech,
praat net sa proastich út in hege hals.
7Want ferheegjen komt net fan east of west,
ek net út ’e wyldernis wei,
8mar God sil as rjochter sitte:
de iene ferleget Er en de oare ferheget Er.
9Ja, der is in beker yn ’e hân fan ’e Heare
fol skomjende krûdige wyn
en dêr skinkt Er út.
Ek it besinksel derfan moatte se opdrinke,
drinke moatte se, alle ferkearden op ierde.
10Mar ik, ik sil ivich jubelje,
foar de God fan Jakob sjonge en spylje.
11Alle macht fan ’e ferkearden sil Er delslaan,
mar heech riist de macht fan ’e rjochtfeardigen.