Gebed om help út skuld en ellinde
1Foar de dirigint. Op: leeljes. Fan David.
2Rêd my, o God, want it wetter
stiet my oan ’e lippen ta.
3Ik sakje djip yn ’e modder wei
en haw neat om op te stean.
Ik bin yn djip wetter belâne
en de stream spielt my fuort.
4Ik bin ynein fan it roppen,
myn kiel is ferbolgen,
myn eagen bejouwe har
fan it útsjen nei God.
5Machtiger as de hierren op myn holle
binne de lju dy’t my sûnder reden haatsje;
sterk binne se, dy’t my ferdylgje wolle,
myn fijannen-sûnder-reden.
Wat ik net iens weinommen haw,
moat ik weromjaan.
6O God, Jo witte fan myn dwaasheid
en myn skuld is foar Jo net ferburgen.
7Mochten dy’t op Jo hoopje, Heare God Almachtich,
net om my foar skande stean.
Mochten dy’t Jo sykje, God fan Israel,
net om my beskamme makke wurde.
8Om Jo ommers draach ik skande
en haw ik de skamte op it gesicht.
9Ferfrjemde bin ik fan myn bruorren,
in frjemdling foar ús memme soannen.
10Want fan iver foar jo hûs wurd ik fertard
en de smaad fan jo smaders haw ik te dragen.
11As ik by myn festjen echt skriemde,
dan bin ik dêrom beskimpt.
12As ik de rousek as klaaiing oan die,
dan waard ik dêrom bespot.
13Dy’t by de poarte sitte, beprate my,
ek de dronkemanslieten geane oer my.
14Mar ik kom mei myn gebed foar Jo, Heare,
op ’e tiid fan it wolbehagen, o God,
Jou my antwurd yn jo rike geunst,
yn jo útrêdende trou.
15Helje my út it slyk, dat ik net weisink,
rêd my út it djippe wetter.
16Lit de wetterstream my net fuortspiele,
lit de djipte my net ferswolgje,
lit de put him net boppe my slute.
17Ferhear my, Heare, want jo geunst is goed,
kear Jo nei my ta yn grut erbarmjen.
18Kear Jo net fan jo tsjinner ôf,
want ik krij it benaud; jou my mei gauwens antwurd.
19Kom tichterby, rêd my
en ferlos my om ’e wille fan myn fijannen.
20Jo witte fan myn skande en skamte en skimp;
al myn fijannen steane iepen en bleat foar Jo.
21De smaad brekt my it hert,
it is net om oer te kommen.
Ik tidige op meilibjen, mar ’t wie om ’e nocht,
op fertreasters, mar ik fûn se net.
22Se hawwe my wòl fergif te iten jûn
en foar de toarst lieten se my jittik drinke.
23Lit har eigen tafel foar har in flapnet wurde
en foar de eigen tafelgenoaten in falstrik.
24Lit har eagen fertsjustere wurde, dat se net sjogge
en slach har de heupen foar altyd lam.
25Jit jo grime oer har út
en lit jo gleone grime har reitsje.
26Har tintekampen meie ferwoeste wurde
en lit der gjin minske mear yn har tinten wenje.
27Want him dy’t Jo sloegen, sitte se noch achternei
en de smerten fan him dy’t Jo troffen, meitsje se noch swierder.
28Loegje skuld op har skuld
en kear se bûten jo frijspraak.
29Fei se fan ’e list fan ’e libbenen
en skriuw se net yn by de rjochtfeardigen.
30Och, wat bin ik ellindich en siik,
lit jo help my beskermje, o God.
31Ik wol jo namme priizje yn in liet
en him yn in tankliet ferhearlikje.
32Dat hat de Heare leaver as in offerdier,
in stik fee mei hoarnen en hoeven.
33Sjoch ta en wês bliid, deemoedigen,
dy’t God sykje, it mei jim rom om it hert wurde.
34Want de Heare harket nei de ellindigen
en syn finzenen sil Er net ferstjitte.
35Lit himel en ierde Him priizje,
de seeën en al wat dêryn wrimelt.
36Want God sil Sion útrêde
en Juda’s stêden wer opbouwe,
dat se der foar altyd yn wenje meie.
37De neiteam fan syn tsjinners sil it ervje,
dy’t wiis mei syn namme binne, sille der wenje.