Roppe om help
1Fan David.
Oan Jo, Heare, rop ik, myn Rots,
bliuw net doof foar my.
Oars, as Jo neat tsjin my sizze wolle,
wurd ik gelyk mei dy’t yn it grêf weisinke.
2Harkje nei myn lûde rop,
no’t ik oan Jo kryt om help,
no’t ik de hannen útstek
nei it allerhillichste fan jo timpel.
3Reagje my net mei de sûnders oan ’e kant,
mei de kweaminsken
dy’t moai mei har neisten omprate,
mar dy’t op kwea út binne.
4Jou har lean nei wurken,
nei it kwea dat se útrjochte hawwe,
en nei wat har hannen dien hawwe;
lit se har trekken thús krije.
5Want se slagge de dieden fan de Heare gjin acht,
de grutte wurken fan syn hannen;
dêrom sil Er har delbrekke en net opbouwe.
6De Heare is heech te priizjen,
want Hy hat myn lûd gerop wol heard.
7De Heare is myn krêft en myn skyld,
myn hert is wis fan Him.
Ik krige help: no jubelet myn hert
en mei myn liet wol ik Him loovje.
8De Heare is de krêft fan syn folk,
Hy is hâld en heil foar syn messias.
9Rêd jo folk en segenje jo erfdiel,
hoedzje en draach se oant yn ivichheid.