Pleit fan in ûnskuldige
1Fan David.
Doch Jo oer my útspraak, Heare,
want yn ûnskuld bin ik myn wei gien.
Op ’e Heare liet ik it oankomme,
sûnder te wifkjen.
2Hifkje my mar, Heare, ûndersykje my mar,
lotterje it djipste fan myn hert.
3Want jo geunst stiet my foar eagen
en ik hâld it paad fan jo trou.
4Ik sit net oan mei ûnbetrouber folk
en ik gean net mei glûperts om.
5Ik wearzgje fan ’e gearkomste mei de kweaden
en by ferkearde minsken haw ik gjin sit.
6Yn ûnskuld waskje ik my de hannen;
sa gean ik, Heare, om jo alter hinne,
7om lûd jo lof te sjongen,
al jo wûnderdieden te fertellen.
8Heare, ik hâld fan it hûs dêr’t Jo wenje,
fan it stee dêr’t jo gloarje tahâldt.
9Roegje myn bestean net út mei de sûnders,
myn libben net mei de lju dy’t bloed ferjitte;
10smoargens hawwe se oan ’e hannen
en har rjochterhân is fol omkeaperij.
11Ik lykwols gean myn wei yn ûnskuld;
ferlos my en wês my goedgeunstich.
12Myn foet stiet op flakke grûn;
yn ’e gearkomste sil ik de Heare priizje.