Psalmen 23
By de hoeder
1In Davidspsalm.
De Heare is myn hoeder, neat bin ik brek,
2troch Him mei ik lizze yn griene greiden,
Hy bringt my by wetters dêr’t ik rêst fyn.
3Hy lit my wer ta mysels komme,
Hy liedt my op rjochte paden
om ’e wille fan syn namme.
4Al gean ik troch in delling fol djippe skaden,
ik bin net bang foar ûnheil,
want Jo binne deun by my;
jo stôk en jo stêf
dy fertreaste my.
5Jo meitsje my de tafel ree
foar de eagen fan myn benearders.
Jo salvje my de holle mei oalje
en myn beker rint oer.
6Kleare goedens en geunst sille my folgje
al myn libbensdagen;
en ik sil in fêst plak hawwe yn it hûs fan de Heare,
salang’t de dagen duorje.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap