It skoandere diel
1In gouden liet. Fan David.
Hoedzje my, God, want by Jo sykje ik ûntwyk.
2Ik sei tsjin ’e Heare: Myn Hear binne Jo,
myn rykdom; neat kin Jo belykje.
3Oer de ôfgoaden fan it lân, dy hege machten,
dêr’t ik my alhiel oan ferslingere hie, sis ik:
4By dy’t in oare god neirinne, sil it lijen oanwinne;
mei myn hannen sil ik har gjin offers bringe,
har nammen sil ik net iens op myn lippen nimme.
5Jo, Heare, binne it taparte diel dat de lotsbeker my joech,
en Jo sille foar my bewarje wat my tafoel.
6De mjitsnoeren binne foar my yn skoandere kontreien fallen,
ja, myn erfskip stiet my tige oan.
7Sa priizje ik de Heare, dy’t my ried joech,
ja, by nacht warskôget myn binnenste my.
8Ik hâld de Heare aloan foar eagen;
Hy is ommers oan myn rjochterhân,
ik sil net wifkje.
9Dêrom hat myn hert wille
en myn binnenste jubelet;
ek myn lichem sil feilich wenje.
10Want Jo litte myn libben net oan it deaderyk oer,
Jo litte jo fertrouweling de ûngrûn net sjen.
11Jo leare my it libbenspaad;
in oerfloed fan freugde is deun by Jo,
leaflikens yn jo rjochterhân,
foar altyd.