Psalmen 15
Wa mei foar God ferskine?
1In Davidspsalm.
Heare, wa mei tahâlde yn jo tinte,
wa mei wenje op jo hillige berch?
2Dy’t earlik en oprjocht libbet,
dy’t docht wat rjocht is,
dy’t seit wat er tinkt,
3dy’t net rabbet mei de tonge,
dy’t syn freon gjin kwea docht,
dy’t syn neiste net op in minne namme bringt,
4dy’t de ferachtlike ferachtet,
dy’t yn eare hâldt wa’t de Heare tsjinnet,
dy’t syn eden net brekt, al is it ta syn eigen skea,
5dy’t syn jild net tsjin woeker útset,
dy’t him net omkeapje lit om in ûnskuldige skea te dwaan.
Wa’t sa docht, sil nea net wifkje.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap