Sa is der gjin oar folk
1Halleluja.
Wat is it goed te psalmsjongen foar ús God,
wat is it hearlik in lofliet yn te setten.
2De Heare bout Jeruzalem wer op,
Hy bringt Israels ferdreaunen wer by elkoar.
3Hy genêst de brutsenen fan hert
en Hy ferbynt har wûnen.
4Hy stelt it tal fan ’e stjerren fêst
en Hy neamt se allegearre by de namme.
5Grut is de Heare en fol krêft,
syn wysheid is gjin ein fan.
6De Heare helpt delbûgden oerein
en fernederet de sûnders oan ’e grûn ta.
7Sjong de Heare in lofliet,
psalmsjong foar ús God op ’e liere;
8foar Him, dy’t de himel mei wolken bedekt,
dy’t de rein reemakket foar de ierde,
dy’t gers útsprute lit op ’e bergen,
9dy’t it fee har foer beskikt,
de jonge ravens jout, wêr’t se om roppe.
10De krêft fan hynders is by Him gjin tel,
de skonken fan in man slacht Er net heech oan.
11Mar wol hat de Heare heech, dy’t ûntsach foar Him ha
en dy’t útsjogge nei syn geunst.
12Ferhearlikje de Heare, Jeruzalem,
priizje dyn God, o Sion.
13Want Hy fersterket de skoattels op dyn poarten
en Hy segent dyn soannen yn dyn fermidden.
14Hy beskikt dyn kontreien wolfeart,
fette weet jout Er dy by de rûs.
15Hy stjoert syn befel nei de ierde
en rêd fljocht syn wurd dêrhinne.
16Hy beskikt de snie as wie it wol,
Hy struit de rym út as jiske.
17Hy smyt syn iis by brokken del.
Wa kin syn kjeld ferneare?
18Hy stjoert syn wurd en lit it teie,
Hy lit syn wyn waaie en it wetter rint wer.
19Hy ferkundiget Jakob syn wurd,
syn foarskriften en útspraken oan Israel.
20Gjin inkeld folk hat Er sa mei dien,
syn rjochtsregels witte de oaren net fan.
Halleluja.