De Heare as helper
1Halleluja.
Lit al wat yn my is de Heare priizje,
2ik priizje de Heare myn libben lang,
foar myn God wol ik psalmsjonge
salang as ik der bin.
3Fertrou net op foarsten,
net op minskebern,
dêr’t gjin help fan komt.
4As de siken derút geane,
wurdt er wer stof fan ’e ierde
en is it dien mei syn foarnimmens.
5Gelokkich de man
dy’t Jakobs God as helper hat,
dy’t hopet op de Heare, syn God;
6God, dy’t himel en ierde makke hat,
de see en al wat dêryn is.
Dy’t trou bliuwt oant yn ivichheid,
7dy’t ferdrukten oan har rjocht helpt
en de hongerigen brea jout.
8De Heare lit de gefangenen los,
de Heare jout de blinen it gesicht,
de Heare helpt de delbûgden oerein,
de Heare hâldt it mei de rjochtfeardigen,
9de Heare beskermet de frjemdlingen,
Hy hâldt de widdo en de wees op fuotten,
mar de wei fan sûnders lit Er dearinne.
10De Heare is foar ivich kening,
dyn God, Sion, fan âlder op âlder.
Halleluja.