Psalmen 130
Ut ’e djipte wei ...
1In beafeartsliet.
Ut ’e djipte wei rop ik Jo, Heare.
2Hear, harkje nei myn stim.
Lit jo earen dochs acht jaan
op myn lûd smeekjen.
3As Jo, Heare, my de sûnden oanrekkenje,
o Hear, wa kin dan steande bliuwe?
4Mar Jo kinne ferjaan
en dêrom hat men ûntsach foar Jo.
5Ik wachtsje op ’e Heare,
mei hert en siel wachtsje ik,
ik hoopje op syn belofte.
6Mei hert en siel sjoch ik út nei de Heare,
mear as wachters nei de moarntyd,
wachters nei de moarntyd.
7Wachtsje, Israel, op de Heare,
want by de Heare is genede,
by Him is folsleine ferlossing.
8Ja, Hy sil Israel ferlosse
fan alle ûngerjochtichheid.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap