Psalmen 123
It húnjen binne wy sêd
1In beafeartsliet.
Ik slach de eagen op nei Jo,
dy’t de troan yn ’e himel hat.
2Sa’t de eagen fan tsjinstfeinten
nei de hân fan har hear sjogge,
en de eagen fan tsjinstfammen
nei de hân fan har frou,
sa sjogge ús eagen nei de Heare, ús God,
oant Er ús syn geunst bewust.
3Bewiis jo geunst, Heare, bewiis ús jo geunst,
want wy binne de smaad mear as sêd.
4Us siel is it mear as sêd,
dat húnjen fan ’e heechmoedigen
en dat leechlizzen fan ’e grutsken.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap