Psalmen 121
De ivige Hoeder
1In beafeartsliet.
Ik slach myn eagen op nei de bergen.
Wêr moat myn help wei komme?
2Myn help komt fan de Heare,
dy’t himel en ierde makke hat.
3Hy lit dyn foet net wifkje
en Hy slommet net, dyn Hoeder.
4Nee, net slomje en net sliepe
sil de Hoeder fan Israel.
5De Heare is dyn Hoeder,
de Heare is dyn skaad
oan ’e rjochterside.
6Oerdeis stekt dy de sinne net,
nachts docht de moanne dy gjin kwea.
7De Heare hoedet dy foar alle kwea,
Hy hoedet dyn libben.
8De Heare hoedet dyn gean en dyn kommen
fan no ôf oant yn ivichheid.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap